Dizze wike bin ik der net mei dwaande om't it middeltse bern mei faasje yn it sikehûs rekke is. Sil der daliks wer hinne. Trochbrutsen bline term (blinde darm voor de hollanders onder ons), hy is derút helle en de boel is skjinmakke fan binnen. No 5 dagen oan it ynfuus en dan krije we har wer sa goed as nij mei nei hûs.
Nije wike mar wer sjen, de dingen reitsje net wei!
30 nov 2010
22 nov 2010
Flickr flickr flickr flickr
Al eefkes oan it lêzen oer Flickr dan kin it besakje en gean ik der oare keer fierder mei. MAR as ik by ontdekoefening blogger de korte uitleg oanklik dan komt der allinich mar: webpagina kan niet worden weergegeven. Dat is wol ferrekte lêstich! Ha it ek al ris faker hân mar it net melden.
Sa giet de lol der wat ôf as it net slagget om dingen te lêzen.
Sa giet de lol der wat ôf as it net slagget om dingen te lêzen.
Fraachje
Hee coach, asto in reaksje foar my achterlitst kin ik dêr dan ek wer in reaksje op dwaan en hoe dan???
RSS feeds ferfolch
Tomke kaam ik tsjin by it sykjen mei ego feed
16 nov 2010
Waarme appelcake
Eins moast ik no mei it nije ding oan'e gong mar hjoed is myn frije dei en dat hâld ik sa. Miskien rin ik aanst achter mar dat is dan net oars. No in lekkere appelcake bakke en dan aanst in waarm stikje by de koffie! Dat docht my meer deugd dan sa'n ding.
8 nov 2010
Foto
Ik bin no op it wurk en dêr kom ik wol op de 23dingen side. Lokkich mar. Ik ha my ynlêzen yn RSS feeds en bin mei myn blog oan'e gong. Wat hiel apart is dat ik net in foto taheakke ha en as ik in oar folgje dan stiet der wol ynienen in foto op???
Wa wit hoe't soks no wer kin? Dan graach in reakjse op dizze blog. It mei fansels ek yn it Nederlânsk.
Wa wit hoe't soks no wer kin? Dan graach in reakjse op dizze blog. It mei fansels ek yn it Nederlânsk.
7 nov 2010
23 dingen.nl/bswf
Shit, shit, shit!! O, nee ik soe yn it Frysk. Skyt, skyt, skyt, ik kom der net op. De 23 dingen.nl/bswf wol net op ús kompjûter. Krij ien as oare boadskip dat it net feilich is en as ik dan troch wol dan slagget it noch net.
Ik wol net daliks miepe mar hjir baal ik wol fan. Eefkes wat tiid oer en no is dat al wer om en ha ik allinich noch mar oan it besykjen west en ding 4 kin ik net bykomme.
HHHEEEEEEEEEEEEEEEEEEEEELLLLLLLLLLLLLLLLLLLLLLLLLLLPPPPPPPPPPPPPPP!!!!!

3 nov 2010
start 23 dingen
Hjoed yn Makkum it begjin fan de kursus 23 dingen. In g-mail meitsje, dan in blog en dernei in stikje op de blog sette.
Leuk oan sa'n blog is dat sa'n ding op in protte manieren te meitsjen is en in soad mooglikheden hat. Fansels kom je der allinich mar achter troch fan alles te besykjen. En dat is no krekt it doel fan dizze kursus.
Eltsenien kin aanst lêze wat ik doch en hoe't ik dat fyn en dan noch byhâlde hokfoar dingen as ik klear mei bin.
No't dit stikje klear is sitte ding 1, 2 en 3 derop.
Oant in oare keer.