28 dec 2011

Ding 27 Copyright

Copyright: wat moat ik dêr no oar sizze. It is alwer in ding wêr't in protte oer te lêzen is en ik wist net fan de 'Creative Commons' lisinsje. It komt der op del dast gjin fergoeding hoechst foar dyn wurk as minsken dy't it brûke mar wol nei dyn wurk ferwize. Ik bin dus wol wer wat 'mediawijzer' wurden.

Op Flickr socht nei foto's mei sa'n lisinsje en der binne genôch om te brûken. Wat opfalt is: ast sikest op foto's sûnder lisinsje dan krigest folle mear. Net elkenien wol dat syn/har wurk samar brûke litte troch in oar. Ik tink der meastentiids om dat ik neam wêr't ik it wei ha of wa't it makke hat. Mar foaral mei plaatsjes is it hiel maklik plakken en knippen fan ynternet ôf. En dat doch ik krekt sa goed as in oar.

As ik it earste stikje "Web 2.0 staat min of meer synoniem met het delen van informatie in de vorm van tekst, beeld en geluid. Dit betekent echter niet dat je alles wat je op internet tegenkomt, zomaar in materiaal of op je eigen website mag gebruiken" fan dit ding knip en plak nei Google en sykje dan kom ik it op ferskate websiden tsjin.  En as dit berjocht klear is dan ek op myn blog.

Ast perfoarst net wolst dat minsken samar wat fan dy brûke kinst it better net op ynternet sette.



Dizze krystbeam ha ik sels makke en doe op Twitter sjen litten. Dan is de foto foar elkenien te brûken en dat barde ek daliks. Op de webside fan piepschuim wêr 't ik de krystbeam wyt kocht stiet hy no by ynspiraasje/kryst! Ik fyn it leuk dat de foto dêr te sjen is, fiel ik my ek ris in echte krea-bea.

Ding 25 Screencasting

Samar yn de krystfakânsje oan de gong mei de verdiepdingen tegearre mei Carin. Omdat wy allebeide noch screencaste moasten en it mei in filmke handich is dat de iene wat docht en de oare filmet hawwe wy de lapen gear smiten. Wy hawwe gebrûk makke fan screencast-o-matic mar earst fansels in filmke opnommen. Hoe wurket it ynleverjen by de 'zelfservicebalie' as it boek net fan bieb Wommels is. Omdat it filmke hiel dúdlik sjen lit wat te dwaan hawwe wy der fierder neat by setten.



Screencasting: in leuk ding om kennis mei te meitsjen. En kinst der in protte mei ferdúdlikje. Wy hawwe it no mei in filmke dien mar sa kinst ek dingen fan de webside útlizze oan klanten.

12 dec 2011

Ding 28 Crowdcourcing en crowdfunding

Sa, wer in moarn om. Ha in protte lêzen en sjoen oer crowdcourcing en crowdfunding. Dwaande west mei GWAP en it ESP spultsje spile en dermei myn Ingelske wurdeskat ophelle. Ek noch oare dingen dwaan wollen mar dan krige ik it boadskip: The page you are looking for is temporarily unavailable. Please try again later. Spitich! Verbeterdebuurt dêr docht de gemeente Littenseradiel (noch) net oan mei en dan moast in oar syn buurt sykje. Is lang sa nijsgjirrich net as eigen buurt. It boek fan Suzanne Buis - Ik date maar wat is allinich oanwêzich by bibleteek Snits en stiet op it stuit gewoan yn de kast. Is it wol sa'n topper wurden? Wol leuk dat it op dy manier útjûn is fia Ten Pages.

Ik wie ris in kear op syk nei goede websiden fan doarpen, ha de fraach stelt op Twitter mei in #dtv en doe krige ik in protte brûkbere reaksjes. Dat wie in moai foarbyld fan crowdcourcing. En wat kinst in protte berikke as dyn projekt minsken oansprekt sa as Country clean up project "Let's do it 2008". Fantastysk wurk yn ien dei!

Ik kin hjir alles wol beskriuwe wat ik fierder lêzen ha mar dat liket my net nedich en nuttich.

De biebsudwest sit op twitter en kin dat medium ynsette by de ferbettering fan de bieb. Bieb Zwolle docht mei oan it beantwurdzjen fan #dtv en ik ha harren frege wa't dat dogge en hoe't it sit mei oeren en personiel mar noch gjin reaksje hân.
Ik krige krekt op Twitter dit filmke yn in tweet op myn fraach: hoe kinne bibleteken crowdcourcing ynsette? As ik noch oare reaksjes krij dy't de muoite wurdich binne om te neamen yn myn blog dan komt der in ding 28a en oars bin ik der klear mei.
What digital natives want from their library



3 dec 2011

Ding 26 Privacy en veiligheid

Wat sil ik hjir ris oer sizze? Ik ha myn namme googele en bin mysels hiel faak tsjin kaam op ynternet. Dat hat fansels te krijen mei de funksjes dy't ik ha, hie as dingen wêr 't ik oan meiwurke ha. Ik bin wolris yn it nijs en dan komme je dat tsjin. Soe it eartiids yn de krante stean, dan wie it allinich noch mar te lêzen foar ien dy't de krante bewarret. Hjoedtedei stiet soks allegear op ynternet en it giet der net wer ôf. Lokkich ha ik gjin gekke of ferfelende dingen sjoen doe't ik mysels googele.

De minsk hat altiten in kar, dochst it wol of dochst it net! Nim ik in klantekaart by de winkel of net? Skriuw ik in blog (ja, dat moat no wol foar de kursus) of net? Wol ik meidwaan oan sosjale netwurken of net?

Hjoed seach ik op Twitter in tweet foarby kommen fan immen dy't de smoar yn hie om 't de iene of oare frou him as in lyts bern behannele. Hy sei dat op in wat oare manier as dat ik it no doch. Ik moast daliks tinke oan it stik op vk.nl. Dêr stiet: "Een privé profiel op sociale netwerken is verstandig, want volgens het onderzoek van 123people blijkt dat ongeveer één op de tien een baan niet heeft gekregen of verloren door content in sociale netwerksite." Gefaarlike útspraak fan immen dy 't net in slotsje op syn akkount hat.


Meringue appeltaart

Wêr 't ik myn nocht fan ha is de kadootsjes dy't jo krije oer de post, mar dêr moat dan earst fan alles op ynternet ynfolt wurde.In skoftke lyn krigen we fan Essent in appeltaartsje fergees by de Hema. Mar do meist net samar nei de winkel om dat ding te heljen....neeeeee! Earst nei de webside fan de Hema en dêr allegear gegevens ynfolle en dan goed oplette want de ynformaasje
dy 't ynfolt is giet ek nei Essent! En dy kinne dy dan wer belje mei allegear oanbiedings en sa. Ik bin der oan begongen, mar healwei tocht ik...smoar mar yn dy appeltaart. Ik kin 'm sels ommers folle lekkerder bakke!

23 nov 2011

Ding 24 Mediawijsheid

Ik sil ris wat sizze oer de 'dagelijkse bibliotheekpraktijk'. Dat is in dei fan útlienen, opromjen, mail behannelje, kompjûters frij jaan, titels of ynformaasje opsykje foar klanten, ôfskriuwe, etalearje. Der sit mar hiel sa no en dan in stikje by dast dyn 'mediawijsheid' brûkst. Ast de klant sjen litst hoe't hy/sy wat opsykje kin of syn kompjûterproblemen oplosse moast.



Hoe kin de bibleteek ynfolling jaan oan har rol as coach, paadwizer en learynstitút as kontinu proses? En wat kin ik bydrage? No sa ast hjir boppe lêze kinst draach ik yn dy deistige praktyk net safolle by. Ik kin my der aardich mei rêde mar dat is it dan ek wol. En hoe't de bibleteek dy ynfolling jaan kin? Lokkich hawwe wy dêr managers foar om dat te betinken. Yn de bibleteek fan Snits komt in nij inisjatyf: maatskiplike digistage. Hatstikke moai, it betsjut dat minsken dy't gjin of hast gjin ûnderfining hawwe mei in kompjûter dit leare. Mar dit bard dan wol troch maatskiplik stagerinners en net troch bibleteekmeiwurkers en dat fyn ik spitich. Wy moatte wol witte hoe't alles wurket en dan dogge we der hast neat mei. En wêrom...binne we te djoer? Wol sille de stagerinners begelieding fan ynformaasjemeiwurkers krije. En dat soe ik dan bygelyks dwaan kinne.

Foar de Week van de Mediawijsheid soe ik in twitterworkshop jaan wolle. Dêr bin ik betûft yn en dat is dan leuk om te dwaan. Yn de bieb binne faaks in protte kompjûters en dan kinne de kursisten daliks oan de gong en fansels @biebsudwest folgje. 

Wat my ek wol wat liket is in sprekoere yn de bieb wêr't minsken fragen stelle kinne oer ien fan de 23 dingen.

20 nov 2011

Verdiepdingen



It is safier, ik bin begongen mei it ferfolch op 23Dingen en dat binne de Verdiepdingen. Hie ik krekt myn blog omsetten  foar gedichten moat ik der no wer myn miening op skriuwe oer mediawijsheid, copyright, mash-ups en sa. Ik ha hjoed de mediawijsheidsquiz dien en bin sakke!!!
No moat ik sizze dat ik wat oare fragen ferwachte hie as oer bygelyks GTST. Mar ik ha 'm wol út de holle makke en neat opsocht, hie'k dat dien dan wie ik fansels wol slagge :0)
Ik bin wol benijd wa't wol slagget foar de quiz, lit it eefkes witte yn in reaksje op myn blog.

Foar de kollega's dy't ek yn de earste groep sitte, sukses.

23 okt 2011

Jopie Huisman skilderij mei gedicht


allebeide
libben se
harren libben
troch de
eagen
fan in bern

waarden
bepopke en
fersoarge
te pronk set
en fergetten

no fersliten
en tenein
feriivige
troch in man
mei de eagen
fan in bern

21 sep 2011

Pietertje

Het meisje, 80 kilo groot geworden
bracht reeds zelf 3 kinders voort
Ook een man wist zij te binden
werkt met het geschreven woord
Met haar bakkunst en gezang
kan zij menigeen bekoren
Deez vrouw van 1 meter 87 lang
en een ieder mag het horen!

Dit biogedichtsje moat sneon mei nei de kursus Oersetten fan Eppie Dam. Is wer ris wat oars as it foarstelrûntsje: ik bin .....

20 sep 2011

Gebakje

Gebakje
Socht ik in moaie fear foar dy
om yn dyn kont te prikken?
Foar alles watsto sa goed kinst
as ien om fan te skrikken?

Nee, dizze fear is foar de moed
lit ‘m foaral net sakje
Myn winsk foar dy: it giet dy goed
en in wrâld as in gebakje


 

 
Boppesteand gedichtsje ha ik skreaun foar in bondeltsje mei Moedfearen. Mei de oare froulju fan de poëzijkursus by Tresoar 2010. Sneon gean ik wer op kursus by Tresoar en ik ha der sin oan. Dizze kear net sels poëzij skriuwe mar oersette.


10 sep 2011

Sûnder dy

Sûnder dy

Ik fiel se fallen op myn hûd
It fallen fielt, oerstimt it lûd

Ik raas dat ik it eins net leauw
It waarme lte dat ik priuw

Do libbest noch sa djip yn my
Hoe fier is fierder sûnder dy


Dit gedichtsje ha ik al in hiel skoft lyn skreaun. It komt alle kearen wer foarby as der immen fuort falt sûnder dat it foar ús te begripen is. De soan fan de buorlju, de man fan in kollega...
Sterkte foar wa't it nedich hat.

18 jul 2011

Langstme

Langstme

As de wyn waait
En de sinne har ferstoppet
Drave wolken troch de loft
Sykjend nei dij

As it fjoer lôget
En de waarmte har ferspried
Krûpe flammen om it hout
 Tinkend oan dij

As it gers groeit
En de maaitiid wer oanbrekt
Springe lamkes yn de greide
Longerjend nei dij

As it wetter raast
En alle oare lûden oerstimt
Driuw ik mei op ’e weagen
Wachtsjend op dij


Pieteke
desimber 2010

Dit is ien fan de gedichten dy't ik skreaun ha doe't ik by Tresoar/Eppie Dam op kursus wie. Ierde, wetter, fjoer en loft moasten weromkomme yn it gedicht.

28 jun 2011

Rein

REIN

De loft set oan
Komt op my ta
Lit har swierte falle
Yn in see fan drippen

Nearne om te gean
Ik lit it oer my komme
It suverjende wiete
En fiel dat ik bestean


21 jun 2011

Fiskje

Fiskje
Foarsichtich klimt er oer de râne
fan it boatsje en jout him del op
it bankje

Eefkes oerstimt it lûd fan in trekker
it rûzjen fan de beammen
en it kweakjen fan  de kikkerts

Dan gooit de lytse fiskerman syn angel út
en de wyn ronfelet it wetter


Dit gedicht bin ik oan begûn doe't ik op besite wie bij Aukje op it arkje fan Rink vd Velde. Ik ha der noch in hiel lyts bytsje oan feroare en no stiet it foar elkenien te lêzen. De lytse fiskerman is in beppesizzer fan Aukje dy't ek oanwêzich wie. We (Geke wie der ek) hawwe in hiele noflike dei hân mei romte om te skriuwen en te praten. Sa'n dei soe ik eltse wike wol hawwe wolle.

14 mei 2011

Oare namme

Ik ha mysels omdoopt en brûk myn twitternamme hjir no ek. Dat pietertjepet wie foar de kursus en no't dat klear is gean ik dizze blog mar foar myn eigen dingen brûken. Lêsten ha ik in blog skreaun op Edufrysk. It bliuwt leuk ast der tiid foar meitsje kinst.

7 mei 2011

De beam en de frouen




De beam en de frouen

Yn wiisheid fan jierren
sjoch ik del op
troch sinneljocht en beamtegrien
beskade froulju
Yn tinzen betize  
dwaande mei omskriuwings
fan wyn en lûden
gefoel en langstme
byinoar brocht op in wyt stik papier
Ik bring harren ta rest
troch it rûzjen fan myn
tûken en blêden
en lit de sinne oer harren komme
as in waarme tekken.

Pieteke de Boer
Maaie 2011


1 mrt 2011

Ding 23 Evaluaasje



Sa as mei Fokke & Sukke wie it net mei my. Fan in protte dingen wist ik fan it bestean. Guon dingen brûk ik graach en guon dingen ha ik noch hieltiten neat mei. Toppers foar my binne: Twitter en Youtube. Mar dat wiene se ek al foardat ik 23dingen die. Wol ha ik der mear fan leard en my der better yn ferdjippe.

23 dingen wie foar my..............................
In leuke reis op ynternet, it ûndersykjen fan dingen dy't ik net koe, it bylearen oer de dingen dêr't ik al fan wist en mieningen fan oare bloggers en kursisten.
Foar mysels ha ik nije/oare kennis opdien en de organisaasje hat der wer in 23dingen frou by.

                                                                        

Dit is de lêste blog fan PietertjePet oer 23 dingen.

Bibliotheek 2.0

2 útspraken dy't ik tsjinkaam yn de artikelen/presentaasjes wêr't ik my goed yn fine kin:
Web 2.0 biedt ongelooflijk veel tools om rijkere en interactieve relaties aan te gaan, het is geen bedreiging maar een verzameling kansen”!
Via de mogelijkheden van web 2.0 zijn gebruikers steeds vaker ook makers van informatie en overstijgen se hun traditionele rol van consument. Een uitdaging voor de bibliotheek om daar een goede rol in te vervullen.
                            
Dan de Youtube fan Dennis Eijsten fan de Vereniging Openbare Bibliotheken oer mijnbibliotheek.nl. As ik sa'n filmke sjoch dan wurdt ik dêr fleurich fan. Mar ik ben 40+ en asto 14 bist dan sjochst dêr hiel oars tsjinoan. De bibleteek komt by dy en dat is een goed útgongspunt. Ik kin my dêr hielendal yn fine. En fansels bliuwt de bibleteek ek noch in moetingsplak foar in protte minsken, gewoan mei in doar wêrst trochhinne kinst. Stap ris troch dy doar en der giet in wrâld foar dy iepen!
                         

24 feb 2011

Aquabrowser My discoveries en andere sociale bibliotheekcatalogi 2

Ik ha my wer in akkount oanmakke yn my discoveries en in boek yn in list setten. En ik ha yn Worldcat oan it sykjen west en fia in titel kaam ik by de RUG fan Grins en ha kontakt socht mei de bibletekaris fia chat. Dat hie ik noch net earder dien, dus alwer in doel berikt. Ik woe it eerst mei Tresoar besykje mar dat slagge net. "vraag het de bibliothecaris" dêr kinne wy aanst mei de 1-frou besetting ek wol wer in ynformaasjemeiwurker foar ynsette.
Sa as ik it no besjoen ha liket Worldcat bettere en meer funksjes te hawwen as de Aquabrowser mei My discoveries.

                                     

Aquabrowser My discoveries en andere sociale bibliotheekcatalogi 1

Uit catalogus 2.0 door Jan Klerk : Bekende voorbeelden zijn de Darien Library waar Bibliotheek2.0 pioneer John Blyberg al enige jaren aan de zgn. SOPAC of Social OPAC sleutelt en de bibliotheek van Ann Arbor District die dankzij hun pro-actieve benadering veelvuldig het nieuws halen. Wat deze bibliotheken zo bijzonder maakt is niet zozeer het hoge gehalte aan technisch vernuft maar vooral de plezierige manier waarop klanten het gevoel krijgen persoonlijk van hoogwaardige attenderingen te worden voorzien. Deze bibliotheken geven hun klanten ook de gelegenheid om via allerlei manieren feedback te geven op de service. Techniek wordt hier bijzonder slim ingezet en is werkelijk dienend aan de algeheel hoogwaardige en persoonlijke service. Hartstikke Bibliotheek 2.0 dus.


Boppesteande makket wol dat ik der ek sin oan krij dat it by ús ek safier komt. Op it stuit krije wy op de wurkflier nochal wat krityk fan klanten op de nije webside mei aquabrowser en is it lestich dit om te setten nei soksewat as hjirboppe stiet.

22 feb 2011

Resepten

Ik seach krekt eefkes by de dokuminten en sjoch dat yn myn reseptedokumint wer wat taheakke is.
Tige tank Yvonne, Janneke. Tini hat al earder in taart deryn setten mar om't Gerke wat mei de kleur oanpast hie tocht ik dat se beide fan Gerke wiene. Dêrom no pas: Tini tank foar dyn resept. As ik mei de kursus klear bin sil ik der mei oan de gong.

Muzyk lústerje yn in sosjaal netwurk

Ik kin oan mysels fernimme dat ik der hast wol klear mei bin al dy sosjale netwurken. Ha op last.fm op it kursusakkount oan it sneupen west en ha ferskes opsocht. Sjoen hokfoar musyk dêr dan wer op liket. En wa't dat allegeare leuk fine. In ferske nei myn twitter dien en dan kinne myn folgers wer sjen hokfoar musyk ik graach hear. Mar ja dat koe ik mei youtube ek al. It is wer in hiel soad fan itselde. Sa as yn Belgie is it wol moai datst sjen kinst yn hokker bibleteek ast sa'n cd helje kinst. Meer kin ik ek net betinke foar de bibleteek. Ik soe sizze gewoan oernimme, it is net nedich om sels in tsjil út te finen.

15 feb 2011

Fryske jûn yn Wommels 16 febrewaris 2011

Moarntejûn Fryske jûn yn de bibleteek fan Wommels. Ien fan 2Suskes is siik en no kinne se net komme te sjongen. Ik ha mei ferhaleferteller Gjalt de Groot belle en dy sei daliks: dan nim ik Titus wol mei.
Ik ha fansels eefkes op ynternet socht en kaam dit filmke tsjin fan Hea. Ast noch net witst watst moarntejûn dwaan silst KOM NEI WOMMELS


12 feb 2011

Ding 20 Muzyk online

Ik moat it daliks skriuwe: Nico Dijkshoorn in man nei myn hert. Wat in fantastyske kollum oer musyk yn in sosjaal netwurk. Hasto de kollum noch net lêzen dan kin it hjir: http://tinyurl.com/4amcj6f
Ik ha de man ek in skoftke folge op twitter mar dêr kin hy te min tekst kwyt fyn ik. Hy is better yn kollums. Oare keer meer. Noflik wiekein.

Ding 19 Sociale netwerken

Ik bin der hast wol klear mei alle sosjale netwurken. It is allegear in bytsje oars en in protte fan itselde. Ik hie al in Facebook akkount mar die der neat mei. Ha wat gegevens oan myn profiel taheakke en murk doe dat de kompjûter my oan allegear minsken koppelt. De heit fan myn skoansuske komt ynienen foarby en meer minsken dêr't ik de namme fan kin mar meer net. Ast wat wolst mei sa'n netwurk is dat handich mar ik krij der net in goed gefoel by. Sa komme oaren my fansels ek tsjin!!!! En wol ik dat eins wol en kom ik der noch wer ôf as ik dat wol???!!!!
Ik tink dat it foar in lokale bibleteek wol fertúten dwaan kin, mar wa hat tiid om in hyves by te hâlden?? Foaral in hyves foar jongerein liket my fantastysk, dêr sitte hast alle bern/pubers op en dêr kinst se dan as bibleteek tsjinkomme. Dus mar gau in projekt opstarte mei sosjale netwurken. Pleunie kin wol in hyves meitsje foar ús kluster. Minsken moatte de bibleteek tsjinkomme yn sokke netwurken. De bibleteek is tefolle mei oare dingen dwaande wêr't de klant hielendal neat oan hat! Sa, dat bin ik mar kwyt. Op nei ding 20.

Library things

Wat ha ik noch meer te sizzen oer library things. Eins net safolle, ik ha net in eigen akkount oanmakke. Ha gjin ferlet fan dat oaren witte hokfoar boeken as ik yn de kast ha. Ek om't myn boekekast mar in lytse kolleksje lêsboeken hat. Ik tink wol dat bibleteken der wat mei dwaan moatte. Mar dan net op lokaal nifo.

8 feb 2011

Ding 18 Library thing

Ik ha op Dizzie.nl en op Library thing sjoen op it kursusakkount. Ik kin my yntinke dat minsken hjir hielendal wyld fan binne. Wat in mooglikheden! Moat sizze dat ik noch gjin kriebels fiel om myn boekekast (stiet net safolle yn, ik bin in echte bibleteekfrou) te dielen mei oaren. Oare keer meer.

Ding 17 Mobiel internet

Lêsten siet ik op kursus neist ien dy't sa'n tillefoan mei ynternet hie. Tige nijsgjirrich. Foar minsken sa as ik is it wol leuk om eefkes op http://www.opera.com/mobile/demo/ te sjen. Mar ik wurd der hiel wurch fan om op sa'n lyts skermke te lêzen. It sil wol maklik wêze om gau wat op te sykjen ast ûnderweis bist. Mar wêrom soe ik apps en in smartphone hawwe wolle as oeral wol ynternet is. Ik sjoch net wat der no sa fantastysk oan is dat mobyl ynternet. Mar der binne fêst minsken dy't dêr oars oer tinke.




It is wol saak dat DE BIBLETEEK ynspielet op dit soart saken. Binne we miskien al te let as ik de stikken yn InformatieProfessional lês???

31 jan 2011

Ding 16 YouTube

Dit is wer sa'n ding wêr't ik allinich noch wat bijleare kin. Ik ha al in skoft in Youtube account. Wat my dan no wol opfalt is dat dit account al koppele is oan myn gmail account  wylst dat hiele oare ynlogkodes hat ensa. Dat google wit alles fan dy en set it ek allegear oan mekoar op de ien as de oare manier. Op dit stuit lústerje ik nei myn favouriten op Youtube. Ik lit de list ôfspylje as ik mei oare dingen dwaande bin. Dêrom ha ik ris in account makke. Sil op it wurk noch wol eefkes oan de gong mei in filmke en dat dan uploade. Dat is iets wat ik noch net dien ha. Oant no ta set ik der neat op, meitsje der gebrûk fan om de muzyk en de filmkes. Bin krekt ek folger wurden fan @YoutubeNL op Twitter.

Bibleteken kinne mei filmkes wol gebrûk meitsje fan Youtube, mar net eltse hurk moat der wat opsette. Op dit soart dingen moat belied skreaun wurde.

Hjir in hiel moai ferske út de film 'As it is in heaven' Lena's song

http://www.youtube.com/watch?v=Bb9EU_JqIOw


 Genietsje derfan.

Ding 15 Google map en streetview

Ontdek je plekje: ik bin hjir sels net sa fan want froulju kinne ommers net kaartlêze!! Mar ik ha ek noch in oare helte yn de manlike foarm en dy fynt dit fantastysk. Der stie lêsten in stikje yn de krante oer in frou dy't lingerie oan de line hie en dit wie krekt troch streetview opnommen. Elts dy't no har adres socht koe ek it guod oan de line sjen. Se hat in rjochtsaak oanspant en hat it foar mekoar krigen dat it fan it web helle is.

Wij hawwe linebeammen foar hûs en âlderwetske blinen foar de rúten, dat is yn dit gefal wol moai want kinst by ús net nei binnen sjen. By de buorlju kinst dwers troch it hús yn de eftertún sjen. Ik fyn it nochal wat dat alles samar te sjen is. Wit net as we dêr sa bliid mei wêze moatte.

Ik ha noch oan de gong west om in kaart te meitsjen mar doe rûn de boel fêst. Doe't ik de bibleteek fan Wommels opsocht krige ik daliks it âlde adres op it Bosk derfoar. Slecht, slecht...........wa feroaret soks eins en hoe is it der opkommen?

http://maps.google.nl/maps?ll=53.106109,5.586419&spn=0.01113,0.0421&t=p&z=15&lci=com.panoramio.all
Ast boppesteande link oanklikst dan bist yn Wommels. Der sitte in protte mooglikheden oan mar ik sjoch net hoe't we dat as lokaal bibleteekje brûke sille. As organisaasje kinst dysels wol moai op de kaart sette!

30 jan 2011

Ding 14 IM

Oer IM kin ik hiel dúdlik wêze: ik doch it net! Bin ik oer hast alles wol te sprekken en leer ik der wat fan, hjir wol ik neat mei. Ik wit fan de mooglikheden om't myn bern wol msn-e en dat liket my foar no genôch. Soe ik foar it wurk instant mei eamelje moatte dan soe ik dat fansels dwaan mar foar mysels lit ik it hjirby.


Ding 13 online kantoortoepassingen

Google docs
Ik bin wol entûsjast oer google docs. Mar allinich mar as it om dingen giet dy't net wichtich binne en dy't elk wol lêze mei. Ik ha in recepten doc oanmakke en dielt mei kollega's. Der binne al in pear (Gerke en Hennie) dy't der in lekker recept ynsetten hawwe. Tige tank en de oaren dat komt fêst noch wol.
Foar it wurk liket it my ek wol noflik om sa meiinoar oan ien dokumint te wurkjen. Moast wol goede ôfspraken meitsje oer de foarm tink ik oars wurdt it gau in rommeltsje.

28 jan 2011

recepten

I've shared recepten
Click to open:

Google Docs makes it easy to create, store and share online documents, spreadsheets and presentations.
Logo for Google Docs

16 jan 2011

Twitter

Twitter is ien fan de dingen dy't ik al doch. Ik ha no noch de filmkes besjoen, mar neat nijs tsjinkommen. Alles wat ik lêzen ha dat wist ik al troch te dwaan. Ik fyn Twitter hatstikke leuk mar dat komt net daliks. Moatst der earst wat langer op sitte en followers krije dy't kunde binne as minsken dy't deselde ynteresse hawwe as dy. Ik bin begongen mei de twichtwedstriid fan de Moanne fan it Fryske Boek, do koest allinich meidwaan fia Twitter. In twicht is in Twittergedicht. Ik ha no wat poezijkunde dy't ik dochs tref op Twitter wylst ik se net sjoch. It kin in protte tiid kostje mar dat hoecht net. It is krekt as mei mail, kinst der de hiele dei op sjen mar kinst it ek ien kear deis dwaan.
Sjoch it filmke wat ik op de Twitter fan @skilplein fûn. Lit it mei dy net safier komme.

Hilarische persiflage "Social Media Will Tear Your Family Apart":

Wiki's

Wer in leuk en dúdlik filmke fan LeFever oer wiki's en ik wie daliks optein en tocht: dit is it! Altiten dat hinne en wer gemail. It liket my handich dat we as kluster ek mei wiki's oan de slach geane. Seker as we aanst as ynformaasjemeiwurkers 'ferplicht' yn wurkgroepen meidwaan moatte. Dan kin dat fantastysk as elk en ien syn input en kennis op sa'n manier diele kin sûnder datst perfoarst yn deselde romte bist.
Ik ha op PBworks yn de sânbak oan it boartsjen west en myn blog der op setten en in favoryt frysk boek taheake. Op Wetpaint 23dingen wiki is it mar in soadsje, mar it is ek allegear mar oefenguod.
Ien ding bin ik noch net út en dat is: hoe sykje ik werom (yn PBworks)op de tags dy't ik taheake ha? As ien fan jimme it wit dan graach in reaksje op myn blog.

Delicious

Ding 10, Delicious, bliuwt it wol as net? It liket no ferkocht te wurden nei't it yn desimber 2005 oernommen wie troch Yahoo! It wie it plan dat it Delicious team gearwurkje soe mei dat fan Flickr dat oernaam is troch Yahoo! sûnt maart 2005, beide Web 2.0-applikaasjes. Lês meer op:
http://tinyurl.com/6h4z24d

It is leuk en ik ha op it Delicious account fan 23dingen oan de gong west, bibleteekje boartsje fyn ik it. Sels stekwurden jaan en ast ien kear oan de gong binne betinkst hieltiid meer dingen. Ik ha besletten om my der net fierder yn te ferdjipjen want as it rommelt mei ferkeap ensa dan kin it wol wêze dat it aanst net meer bestiet en dan kin ik myn tiid better oan de oare dingen besteegje.


13 jan 2011

Foto Flickr Famke

En dêr wie dan einliks de foto fan Flickr op myn blog mei tank oan Gerke. Bin dan ek hielendal klear mei Flickr foar no en gean fierder mei Delicious.

TIGE TANK GERKE

Famke

As it wetter fan de see
dy boppe de holle slút
en de lûden fuortfalle
allinich noch yn dysels
te hearren binne

As it wetter fan de see
dy sêft op it strân del leit
en har earms weromlûkt
omdatst noch te swier bist
foar har om te widzjen

Wat hâld dy dan tsjin
om fan al dat wiete sân
in prachtich kastiel
te bouwen en
te libjen as in prinses

Pieteke 2010
út 'Oer it wetter op'e weagen fan muzyk en poezij'