31 jan 2011

Ding 16 YouTube

Dit is wer sa'n ding wêr't ik allinich noch wat bijleare kin. Ik ha al in skoft in Youtube account. Wat my dan no wol opfalt is dat dit account al koppele is oan myn gmail account  wylst dat hiele oare ynlogkodes hat ensa. Dat google wit alles fan dy en set it ek allegear oan mekoar op de ien as de oare manier. Op dit stuit lústerje ik nei myn favouriten op Youtube. Ik lit de list ôfspylje as ik mei oare dingen dwaande bin. Dêrom ha ik ris in account makke. Sil op it wurk noch wol eefkes oan de gong mei in filmke en dat dan uploade. Dat is iets wat ik noch net dien ha. Oant no ta set ik der neat op, meitsje der gebrûk fan om de muzyk en de filmkes. Bin krekt ek folger wurden fan @YoutubeNL op Twitter.

Bibleteken kinne mei filmkes wol gebrûk meitsje fan Youtube, mar net eltse hurk moat der wat opsette. Op dit soart dingen moat belied skreaun wurde.

Hjir in hiel moai ferske út de film 'As it is in heaven' Lena's song

http://www.youtube.com/watch?v=Bb9EU_JqIOw


 Genietsje derfan.

Ding 15 Google map en streetview

Ontdek je plekje: ik bin hjir sels net sa fan want froulju kinne ommers net kaartlêze!! Mar ik ha ek noch in oare helte yn de manlike foarm en dy fynt dit fantastysk. Der stie lêsten in stikje yn de krante oer in frou dy't lingerie oan de line hie en dit wie krekt troch streetview opnommen. Elts dy't no har adres socht koe ek it guod oan de line sjen. Se hat in rjochtsaak oanspant en hat it foar mekoar krigen dat it fan it web helle is.

Wij hawwe linebeammen foar hûs en âlderwetske blinen foar de rúten, dat is yn dit gefal wol moai want kinst by ús net nei binnen sjen. By de buorlju kinst dwers troch it hús yn de eftertún sjen. Ik fyn it nochal wat dat alles samar te sjen is. Wit net as we dêr sa bliid mei wêze moatte.

Ik ha noch oan de gong west om in kaart te meitsjen mar doe rûn de boel fêst. Doe't ik de bibleteek fan Wommels opsocht krige ik daliks it âlde adres op it Bosk derfoar. Slecht, slecht...........wa feroaret soks eins en hoe is it der opkommen?

http://maps.google.nl/maps?ll=53.106109,5.586419&spn=0.01113,0.0421&t=p&z=15&lci=com.panoramio.all
Ast boppesteande link oanklikst dan bist yn Wommels. Der sitte in protte mooglikheden oan mar ik sjoch net hoe't we dat as lokaal bibleteekje brûke sille. As organisaasje kinst dysels wol moai op de kaart sette!

30 jan 2011

Ding 14 IM

Oer IM kin ik hiel dúdlik wêze: ik doch it net! Bin ik oer hast alles wol te sprekken en leer ik der wat fan, hjir wol ik neat mei. Ik wit fan de mooglikheden om't myn bern wol msn-e en dat liket my foar no genôch. Soe ik foar it wurk instant mei eamelje moatte dan soe ik dat fansels dwaan mar foar mysels lit ik it hjirby.


Ding 13 online kantoortoepassingen

Google docs
Ik bin wol entûsjast oer google docs. Mar allinich mar as it om dingen giet dy't net wichtich binne en dy't elk wol lêze mei. Ik ha in recepten doc oanmakke en dielt mei kollega's. Der binne al in pear (Gerke en Hennie) dy't der in lekker recept ynsetten hawwe. Tige tank en de oaren dat komt fêst noch wol.
Foar it wurk liket it my ek wol noflik om sa meiinoar oan ien dokumint te wurkjen. Moast wol goede ôfspraken meitsje oer de foarm tink ik oars wurdt it gau in rommeltsje.

28 jan 2011

recepten

I've shared recepten
Click to open:

Google Docs makes it easy to create, store and share online documents, spreadsheets and presentations.
Logo for Google Docs

16 jan 2011

Twitter

Twitter is ien fan de dingen dy't ik al doch. Ik ha no noch de filmkes besjoen, mar neat nijs tsjinkommen. Alles wat ik lêzen ha dat wist ik al troch te dwaan. Ik fyn Twitter hatstikke leuk mar dat komt net daliks. Moatst der earst wat langer op sitte en followers krije dy't kunde binne as minsken dy't deselde ynteresse hawwe as dy. Ik bin begongen mei de twichtwedstriid fan de Moanne fan it Fryske Boek, do koest allinich meidwaan fia Twitter. In twicht is in Twittergedicht. Ik ha no wat poezijkunde dy't ik dochs tref op Twitter wylst ik se net sjoch. It kin in protte tiid kostje mar dat hoecht net. It is krekt as mei mail, kinst der de hiele dei op sjen mar kinst it ek ien kear deis dwaan.
Sjoch it filmke wat ik op de Twitter fan @skilplein fûn. Lit it mei dy net safier komme.

Hilarische persiflage "Social Media Will Tear Your Family Apart":

Wiki's

Wer in leuk en dúdlik filmke fan LeFever oer wiki's en ik wie daliks optein en tocht: dit is it! Altiten dat hinne en wer gemail. It liket my handich dat we as kluster ek mei wiki's oan de slach geane. Seker as we aanst as ynformaasjemeiwurkers 'ferplicht' yn wurkgroepen meidwaan moatte. Dan kin dat fantastysk as elk en ien syn input en kennis op sa'n manier diele kin sûnder datst perfoarst yn deselde romte bist.
Ik ha op PBworks yn de sânbak oan it boartsjen west en myn blog der op setten en in favoryt frysk boek taheake. Op Wetpaint 23dingen wiki is it mar in soadsje, mar it is ek allegear mar oefenguod.
Ien ding bin ik noch net út en dat is: hoe sykje ik werom (yn PBworks)op de tags dy't ik taheake ha? As ien fan jimme it wit dan graach in reaksje op myn blog.

Delicious

Ding 10, Delicious, bliuwt it wol as net? It liket no ferkocht te wurden nei't it yn desimber 2005 oernommen wie troch Yahoo! It wie it plan dat it Delicious team gearwurkje soe mei dat fan Flickr dat oernaam is troch Yahoo! sûnt maart 2005, beide Web 2.0-applikaasjes. Lês meer op:
http://tinyurl.com/6h4z24d

It is leuk en ik ha op it Delicious account fan 23dingen oan de gong west, bibleteekje boartsje fyn ik it. Sels stekwurden jaan en ast ien kear oan de gong binne betinkst hieltiid meer dingen. Ik ha besletten om my der net fierder yn te ferdjipjen want as it rommelt mei ferkeap ensa dan kin it wol wêze dat it aanst net meer bestiet en dan kin ik myn tiid better oan de oare dingen besteegje.


13 jan 2011

Foto Flickr Famke

En dêr wie dan einliks de foto fan Flickr op myn blog mei tank oan Gerke. Bin dan ek hielendal klear mei Flickr foar no en gean fierder mei Delicious.

TIGE TANK GERKE

Famke

As it wetter fan de see
dy boppe de holle slút
en de lûden fuortfalle
allinich noch yn dysels
te hearren binne

As it wetter fan de see
dy sêft op it strân del leit
en har earms weromlûkt
omdatst noch te swier bist
foar har om te widzjen

Wat hâld dy dan tsjin
om fan al dat wiete sân
in prachtich kastiel
te bouwen en
te libjen as in prinses

Pieteke 2010
út 'Oer it wetter op'e weagen fan muzyk en poezij'

10 jan 2011

Visie op Web 2.0 Ding 9

RSS, Blogs, Foto's delen: de eerste drie grote dingen. Ik ben er mee aan de slag gegaan en heb me erin verdiept en soms nog eens en nog eens. En ik denk dat RSS handig is voor mijzelf als informatiemederwerker. Om zo op een makkelijke manier bij te blijven met bepaalde informatie. Ik kende het niet voordat ik aan de 23 dingen begon, had er wel van gehoord maar deed er niks mee.
Bloggen dat is iets wat ik persoonlijk leuk vind om te doen. Ik heb al eens eerder een blog geschreven maar dat was alweer een hele tijd terug en toen was het allemaal nog vrij simpel met alleen tekst. Nu is het allemaal veel leuker geworden en aangezien ik wel van "het schrijven" ben is het een leuk ding. Maar om het in te zetten voor mijn werk of voor de bieb? Ik denk dat het daarvoor teveel tijd neemt om er serieus klanten mee te trekken of te binden.  En het foto's delen daar wik en weeg ik nog steeds over. Foto's delen van je activiteiten zou prima kunnen, maar wil je de klanten graag op je eigen website laten sneupen dan heeft dat momenteel nog mijn voorkeur. Het kan natuurlijk ook allebei via een link maar ik zie de meerwaarde nog niet zo voor de kleine lokale bibliotheek.


Ben je het niet met mijn visie eens dan hoor ik dat graag. De mening van iemand anders geeft je zelf vaak weer nieuwe inzichten.

5 jan 2011

Blogger

Ha my wer ris yn blogger ferdjippe. Ik wie in folger fan mysels en dat is wol hiel eigenwiis om te dwaan. Ha eefkes socht hoe't ik dat fuorthelje koe en dat is slagge.
Bin mei ding 10 oan it lêzen en ik moat sizze de filmkes van LeFever binne hatstikke dúdlik, de hiele kursus al ha ik dêr in soad oan. Moat noch in blog skriuwe fan ding 9 mar dêr tink ik noch oer nei.

3 jan 2011

Tips frege

http://www.flickr.com/x/t/0095009/photos/viviremco/2175504353/

Janneke (coach) boppesteande link is dy fan de foto dy't ik graach pleatse wol. Ha mei help fan Carin alles nochris trochrûn mar we krije de foto mar net te plak. Ha alles besocht: fia URL en opslein op hurde skiif en dan fia bladeren. Wa wit wol hoe't ik it foarinoar krij. Ha 'm ek al fanôf Flickr mailt en dat besocht, mar neat slagget.
Graach tips fan wa dan ek.

Foto bewurkje

Fierder mei ding 8 foto bewurkje, dat is no sa'n ding dat my altiten al leuk like om te dwaan. Ha op fotoaanpassen.nl oan de gong west en sjoch hjir hoe't it wurden is. As jo op in bepaalde leeftiid komme is it wol moai om de boel in bytsje yn de smog te setten en net al te skerp.


Sil my der noch fierder yn ferdjipje mar ik tocht no mar ris in foto yn myn blog dat fleuret it wat op.