25 jan 2012

Fansels in gedicht op dizze dei


Lit dyn gefoel sprekke
en praat oer de leafde
Doch it yn dyn eigen taal
sûnder dy te ferbrekken
Want as dat net kin
of as dat net mear mei
Wat falt er dan noch te sizzen
op dizze nasjonale gedichtedei.


8 jan 2012

Ding 31 Mash-ups

No, dat komt moai út. Soe ik krekt foar de soan op syk nei de goedkeapste Nintendo DSI XL by Kelkoo, stiet it by dit ding. It moaiste fyn ik it ast op alle websiden dy 'st besjen en lêze moast ek echt wat dwaan kinst. En dat koe no moai, we hawwe de goedkeapste daliks besteld. Hat er hielendal sels by mekoar sparre! En dat is daliks ek myn moaiste foarbyld fan Mash-up, de mash-up om mei te sykjen. Oare tapassings binne ek leuk, sa as de Nachtwacht fan tichteby besjen. Mar der is fansels neat moaier as de echte! En ik ha noch op Wikepedia sjoen wat dy seit oer mashup (internetapplicatie), in dúdlik ferhaal.

En boppesteande is net knipt en plakt mar sels makke :-)

4 jan 2012

Ding 30 Google Books en ebooks

It leukst oan dit ding fyn ik de Espresso Book Machine en wat handich foar bibleteken. Is it boek net oanwêzich op it stuit en de klant wol it daliks hawwe dan printe we eefkes ien. Sitte wat kosten oan mar dan meie se it ek hâlde, liket my. Kinne alle âlde titels ek ris ôfskreaun. Gooreader ha ik net ynstalleare om't ik der neat mei wol. De tekst fan webwereld.nl: Massaal verzet tegen Google Books deal. Google kan naar verluidt bijhouden welke gebruiker hoeveel tijd besteed aan een bepaalde pagina van een gedigitaliseerd boek. "Deze manier van opslaan van data heeft een negatief effect op lezers, vooral de lezers die op zoek zijn naar boeken over controversiële of gevoelige onderwerpen als politiek, religie, seksualiteit en gezondheid", seit genôch oer wêrom 't ik der neat mei wol.

Ik moat sizze dat de verdiepdingen my noch net sa bekoare kinne. It is in saakje fan ferfeelsumens, droegens, toarrens (dit soart wurden sykje ik op yn it wurdboek en it is dan spitich om der mar ien fan te brûken)! En in protte âlde artikels op ynternet. It stik wêr 't ik yn boppesteande tekst nei ferwiis is ek al fan 9 septimber 2009.


 
Noch ien ding te gean, Mash-ups en dan sit it der wer op. Ik mei graach wat leare mar om oeral wat fan te finen yn in blog dat giet my wat tsjinstean. Wêrom moat ik oeral wat fan fine? Gewoan witte dat it der is kin dochs ek wol genôch wêze?