28 dec 2013

Wat net ien wist ...

Doe 't it harmonieorkest Euphonia út Wommels lêsten in krystkonsert hie yn de Martinitsjerke fan Boalsert is der wat spesjaals bard. Net dat ien it wist, útsein de tromboneman, de dirigint (dy't der neat mei dien hat) en ien fan it bestjoer (dy't it ek net neamd hat yn it boekje) en myn freon. Foar minsken dy 't neat mei tekst hawwe skynt it net wichtich te wêzen wa 't in tekst skreaun hat. Foar my en oare skriuwers wol. It siet sa: Miranda van Kralingen soe optrede mei it orkest en sy kin ek wol in aardich wurdsje Frysk. Doe't se op syk wienen nei de muzyk fan Gabriella's Song hat de tromboneman syn muzyk dêrfan mei nommen. Under dy muzyk stie myn Fryske tekst dy't ik al hiel lang lyn ris skreaun hie. Miranda like it moai om it liet yn it Frysk te dwaan en 1 en 1 = 2. Se hat dus myn tekst songen en ik wie der wakker grutsk op. Ik seach guon minsken yn it publyk dy 't sa'n bytsje mei songen der wat yn hingjen bliuwen want de tekst dy 't sy kinne (songen troch Gezina vd Zwaag) is dochs oars. Nei de tiid bin ik mei Miranda op de foto west. Sy wist hielendal net dat se myn tekst songen hie en jimme ek net. Mar omdat Henk Bootsma sa'n moaie foto makke hat en om't ik der dochs wol tige grutsk op bin, hjir it ferhaal fan Wat net ien wist.