14 mrt 2015

Wat fljocht dêr?

Op dit stuit doch ik in kursus poëzij by Elmar Kuiper en it is oant no ta tige nijsgjirrich. Ien fan de opdrachten wie skriuw in gedicht oer in fûgel dy 't dy oansprekt of wêrst wat mei hast. No ha ik net safolle mei fûgels, fyn it moai dat se moarns ier sjonge mar dat is it dan ek wol. De fûgelopdracht wurke by my as in rose oaljefant want ik ha yn trije wiken oeral allinich mar fûgels sjoen. Yn de feart, yn de loft, yn de krante, yn de bibleteek, echt oeral. No ja, ik ha myn bêst dien en dizze gedichten binne myn pinne útroegele.



Gielsyske

Dêr sit ik dan op in stokje
ik ha it goed, bakje fretten, wetterbadsje
mar yn dizze finsterbank siicht it
Fffffffffffffff fiel ik oan myn feare fel
in oar plak wol ik en besykje it te sizzen
fluitsje heech en leech, lûd en sêft
mar men begrypt my net
hat gjin ear foar myn krewearen
Tsiicht, tsiicht, tsiicht, brrrr, brrrr, brrrr
op it lest jou ik it op
gjin lûd mear út dizze koai
drok wurdt der oerlein
en myn hope lôget op
Mar hjoed hongen se in bakje mei
sangsied yn de koai


Swarte lyster

It leaflikst en it langste sjonge
koe hy fan hiel de fûgelwrâld
Sy foel foar dy moaie jonge
foar har berntsjes in behâld

Mar doe’t de simmer west wie
en hy net mear sjonge woe
bleaf sy mar oan ‘t besykjen
hoe ’t se him dochs sa fier krije koe

Mei wapperjende flerkjes snokkere se
toe sjong noch ris foar my
No fuort mar tocht er en hy die syn snaffel iepen
’t hie net moatten, de kat koe der krekt by
  
En dizze lêste ha ik it earste skreaun en úteinlik ynstjoerd nei Elmar

Fûgeltsje

BOINK hear ik en sjoch ferheard nei lofts
wêr't it lûd wei komt.

Dêr op'e grûn leit se, in foddeboskje
mei in lyts giel snaffeltsje.

Gjin libben mear yn it tebrutsen fûgellyfke,
ferûngelokke tsjin it finsterglês.
Nea sjongt sy wer it heechste liet,
wa hat sein dat fleanen net gefaarlik is?





12 mrt 2015

Maitiid





Wyt wapperet it waskguod oan 'e line
it griene gers glânzet yn 'e gleie sinne
en de loft leit blikkerjend blau boppe my
Koe it mar eltse dei maitiid wurde.