21 okt 2016

Rely Jorritsma priis en no fierder

Wat in feest by de útrikking fan de prizen yn it doarpshûs fan Weidum. Der wienen in protte minsken kommen om it mei te meitsjen. Dêr wie ik hiel wiis mei. Dat wie eins noch moaier dan de priis sels.
Dus sa stiet it der no foar. Der binne myn poëzijkaarten, der is in Rely wûn foar in gedicht, ik ha optredens dien yn de SlauerHofftún, by Paradepaadje Britswert, in twicht hat wer yn it wetter lein by de pastorie yn Lytsewierrum. En de tekst op de boat hie ik skreaun foar it Greidhoekfestival ast fia de seerûte kaamst.

Wat sit der oan te kommen? In optreden by festival 'Krijg de Bibbers' Ljouwert op 15 jannewaris. En der ferskine 2 gedichten fan my yn in bondel sammele troch Henk Dillerop foar datselde festival. Mei in print fan in prachtich keunstwurk makke troch Annelies Deutekom.
En fierder? Och, ik skriuw sa no en dan ris in gedicht, in gedachte, in twicht op myn @twichtwicht akkount. En doe't ik op Texel wie ha ik hearlik poëzij yn it sân skreaun.
Der is in gedicht nei Ensafh en ik stjoer in Nederlânsk gedicht nei Pretparkpoëzie. En dat is it dan sa'n bytsje.
Foar wa't it net wit, myn poëzijkaarten binne te keap by de Afûk yn Ljouwert, by PS-Idee Wommels en by it GysbertJapicxhûs yn Boalsert. En yn Arum hat ús mem wol in pear pakjes lizzen foar de ferkeap.
De foto is nommen by Paradepaadje yn de tsjerke fan Britswert. De skilderijen binne fan Dinie Boogaart.