20 dec 2021

Tiede bliuwt thús


Tiede hoecht hjoed net nei skoalle

want master en juffen binne der net

mem hat him krekt pas roppen

en it is al wit hoe let

 

earst giet Tiede lekker iten

hjoed nimt hy in pantsje brij

it is hatstikke gesellich

want ek syn knuffel is der by

 

Tiede boartet mei de auto's

race mei twa tagelyk

en ek hearlik eefkes botse

oei no is der ientsje bryk

 

wol mem Tiede helpe

want de tsjillen stean sa gek

en de bumper is wat nuver

ek de bân liket wol lek

 

mar mem hat gjin tiid no

want sy moat earst wat oars

tsjin de laptop sit se te praten

en Tiede wurdt ynienen boas

 

hy smyt de auto troch de keamer

mar wurdt dan in bytsje bang

krûpt gau fuort achter de stoel

och wat duorret it wer lang

 

einliks komt mem him dan sykjen

't is tiid foar drinken en in koek

tegearre meitsje se de auto

en lêze yn in plaatsjesboek

 

dan mei Tiede op de I-pad

mem sil it ding wol eefkes jaan

is het dochs in moaie dei noch

lekker lang in spultsje dwaan

 

 


7 sep 2021

Reizigje yn in kefert

As wolken fansiden skowe skynt in flau ljocht de keamer yn en dêr leisto. De rook fan âld en oan ein tegearre mei dy fan dit hûs makket my wat mislik. De heal iepen doar tekenet skaden op de muorrre en boartet mei myn tinzen.

En it bêd, dat is fan dy. Ik mei net sliepe, wekker bliuwe dat is myn taak. De nacht is stil, útsein de soerstoftank. Dy jout in ritme oan de nacht en lit it tsjuster dûnsje. Tsssj poe ....tsssj poe..... tssssj poe ... en de nacht duorret en duorret

In doar giet iepen en ticht. En dan rint der immen hastich oer de gong as is der gjin tiid mear en dat is miskyn ek wol sa. De kroks sûge sêft oan it linoleum en sjirpe in oade oan de nacht. It ljocht op de gong wurd stadich wer wei.

Koe ik mar reizigje yn in kefert dan wie ik earder by dy west. Tegearre sjen nei de sinne dy’t op komt. De dei yn de mijtte gean en mar sjen hoe fier as we komme koenen. En wa wit koe ik dyn hân beet hâlde as nimmen it seach.

Mar it kefert is te lyts en ik bin te swier. En de suster soe my net bringe want de suster is der net mear. In nije dei bringt nije gesichten. De moanne kin dy nachts mar sy wurdt wei yn it deiljocht. Krekt as do, mar no noch net

tsssj poe .... tsssj poe .... tssssj poe