Hoe kin de bibleteek ynfolling jaan oan har rol as coach, paadwizer en learynstitút as kontinu proses? En wat kin ik bydrage? No sa ast hjir boppe lêze kinst draach ik yn dy deistige praktyk net safolle by. Ik kin my der aardich mei rêde mar dat is it dan ek wol. En hoe't de bibleteek dy ynfolling jaan kin? Lokkich hawwe wy dêr managers foar om dat te betinken. Yn de bibleteek fan Snits komt in nij inisjatyf: maatskiplike digistage. Hatstikke moai, it betsjut dat minsken dy't gjin of hast gjin ûnderfining hawwe mei in kompjûter dit leare. Mar dit bard dan wol troch maatskiplik stagerinners en net troch bibleteekmeiwurkers en dat fyn ik spitich. Wy moatte wol witte hoe't alles wurket en dan dogge we der hast neat mei. En wêrom...binne we te djoer? Wol sille de stagerinners begelieding fan ynformaasjemeiwurkers krije. En dat soe ik dan bygelyks dwaan kinne.
Foar de Week van de Mediawijsheid soe ik in twitterworkshop jaan wolle. Dêr bin ik betûft yn en dat is dan leuk om te dwaan. Yn de bieb binne faaks in protte kompjûters en dan kinne de kursisten daliks oan de gong en fansels @biebsudwest folgje.
Wat my ek wol wat liket is in sprekoere yn de bieb wêr't minsken fragen stelle kinne oer ien fan de 23 dingen.