18 jul 2011

Langstme

Langstme

As de wyn waait
En de sinne har ferstoppet
Drave wolken troch de loft
Sykjend nei dij

As it fjoer lôget
En de waarmte har ferspried
Krûpe flammen om it hout
 Tinkend oan dij

As it gers groeit
En de maaitiid wer oanbrekt
Springe lamkes yn de greide
Longerjend nei dij

As it wetter raast
En alle oare lûden oerstimt
Driuw ik mei op ’e weagen
Wachtsjend op dij


Pieteke
desimber 2010

Dit is ien fan de gedichten dy't ik skreaun ha doe't ik by Tresoar/Eppie Dam op kursus wie. Ierde, wetter, fjoer en loft moasten weromkomme yn it gedicht.

28 jun 2011

Rein

REIN

De loft set oan
Komt op my ta
Lit har swierte falle
Yn in see fan drippen

Nearne om te gean
Ik lit it oer my komme
It suverjende wiete
En fiel dat ik bestean


21 jun 2011

Fiskje

Fiskje
Foarsichtich klimt er oer de râne
fan it boatsje en jout him del op
it bankje

Eefkes oerstimt it lûd fan in trekker
it rûzjen fan de beammen
en it kweakjen fan  de kikkerts

Dan gooit de lytse fiskerman syn angel út
en de wyn ronfelet it wetter


Dit gedicht bin ik oan begûn doe't ik op besite wie bij Aukje op it arkje fan Rink vd Velde. Ik ha der noch in hiel lyts bytsje oan feroare en no stiet it foar elkenien te lêzen. De lytse fiskerman is in beppesizzer fan Aukje dy't ek oanwêzich wie. We (Geke wie der ek) hawwe in hiele noflike dei hân mei romte om te skriuwen en te praten. Sa'n dei soe ik eltse wike wol hawwe wolle.

7 mei 2011

De beam en de frouen




De beam en de frouen

Yn wiisheid fan jierren
sjoch ik del op
troch sinneljocht en beamtegrien
beskade froulju
Yn tinzen betize  
dwaande mei omskriuwings
fan wyn en lûden
gefoel en langstme
byinoar brocht op in wyt stik papier
Ik bring harren ta rest
troch it rûzjen fan myn
tûken en blêden
en lit de sinne oer harren komme
as in waarme tekken.

Pieteke de Boer
Maaie 2011