No, dat komt moai út. Soe ik krekt foar de soan op syk nei de goedkeapste Nintendo DSI XL by Kelkoo, stiet it by dit ding. It moaiste fyn ik it ast op alle websiden dy 'st besjen en lêze moast ek echt wat dwaan kinst. En dat koe no moai, we hawwe de goedkeapste daliks besteld. Hat er hielendal sels by mekoar sparre! En dat is daliks ek myn moaiste foarbyld fan Mash-up, de mash-up om mei te sykjen. Oare tapassings binne ek leuk, sa as de Nachtwacht fan tichteby besjen. Mar der is fansels neat moaier as de echte! En ik ha noch op
Wikepedia sjoen wat dy seit oer mashup (internetapplicatie), in dúdlik ferhaal.
En boppesteande is net knipt en plakt mar sels makke :-)