It
is safier, de krystdagen komme der oan. Elts jier itselde ferhaal. It
kin fansels ek oars. Gjin beam, gjin kearskes, gjin Jesus dy’t berne
wurdt. Ik bedoel mar, Maria hat it al sa faak dien. Yn ferwachting
reitsje sûnder dat der in man oan te pas komt. De lol hat se der net fan
hân. En elts jier wer dy lange reis op dy ezel nei dat hok. Neat gjin
kreamklinyk mei alles der op en der oan.
No ja, muzyk is der wol. Mar earst dy befalling, it is har earste en
oan Joazef hat se net folle. Hy is wol leaf mar fan befallingen hat er
ek gjin ferstân. En dy ingelen komme pas as de boel al oan de kant is.
Se sjonge wol in moai ferske wêr’t it jonkje lekker op sliepe kin mar
fierder hast der neat oan. En dy hoeders dy’t alles witte fan skiep en
lamkes komme ek pas as sy it der al ôfswitten hat. Oan de oare kant hast
der ek gjin ferlet fan dat in stel fan dy rûchhouwers dy yn it gat
opsjogge. It is dat der noch in stel keningen op besite komme mei djoere
kadootsjes want oars hie Maria har net lient foar sa’n stunt. Alles mar
om it ferhaal de wrâld yn te krijen. Marketing neame se soks hjoed. God
wist eartiids al hiel goed hoe’t er in ferhaal de wrâld yn krije moast.
Sa goed dat we it der no noch altyd oer hawwe. Elts jier wer.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten