10 sep 2011

Sûnder dy

Sûnder dy

Ik fiel se fallen op myn hûd
It fallen fielt, oerstimt it lûd

Ik raas dat ik it eins net leauw
It waarme lte dat ik priuw

Do libbest noch sa djip yn my
Hoe fier is fierder sûnder dy


Dit gedichtsje ha ik al in hiel skoft lyn skreaun. It komt alle kearen wer foarby as der immen fuort falt sûnder dat it foar ús te begripen is. De soan fan de buorlju, de man fan in kollega...
Sterkte foar wa't it nedich hat.

18 jul 2011

Langstme

Langstme

As de wyn waait
En de sinne har ferstoppet
Drave wolken troch de loft
Sykjend nei dij

As it fjoer lôget
En de waarmte har ferspried
Krûpe flammen om it hout
 Tinkend oan dij

As it gers groeit
En de maaitiid wer oanbrekt
Springe lamkes yn de greide
Longerjend nei dij

As it wetter raast
En alle oare lûden oerstimt
Driuw ik mei op ’e weagen
Wachtsjend op dij


Pieteke
desimber 2010

Dit is ien fan de gedichten dy't ik skreaun ha doe't ik by Tresoar/Eppie Dam op kursus wie. Ierde, wetter, fjoer en loft moasten weromkomme yn it gedicht.

28 jun 2011

Rein

REIN

De loft set oan
Komt op my ta
Lit har swierte falle
Yn in see fan drippen

Nearne om te gean
Ik lit it oer my komme
It suverjende wiete
En fiel dat ik bestean


21 jun 2011

Fiskje

Fiskje
Foarsichtich klimt er oer de râne
fan it boatsje en jout him del op
it bankje

Eefkes oerstimt it lûd fan in trekker
it rûzjen fan de beammen
en it kweakjen fan  de kikkerts

Dan gooit de lytse fiskerman syn angel út
en de wyn ronfelet it wetter


Dit gedicht bin ik oan begûn doe't ik op besite wie bij Aukje op it arkje fan Rink vd Velde. Ik ha der noch in hiel lyts bytsje oan feroare en no stiet it foar elkenien te lêzen. De lytse fiskerman is in beppesizzer fan Aukje dy't ek oanwêzich wie. We (Geke wie der ek) hawwe in hiele noflike dei hân mei romte om te skriuwen en te praten. Sa'n dei soe ik eltse wike wol hawwe wolle.