Wrakseljend tsjin wyn en weagen, moasten hja belies jaan, dizze stoarm ûnoerwinlik, de iiskâlde see harren lêste rêstplak. #1883 #twicht
27 feb 2012
25 jan 2012
Fansels in gedicht op dizze dei
Lit dyn gefoel sprekke
en praat oer de leafde
Doch it yn dyn eigen taal
sûnder dy te ferbrekken
Want as dat net kin
of as dat net mear mei
Wat falt er dan noch te sizzen
op dizze nasjonale gedichtedei.
20 nov 2011
Verdiepdingen
It is safier, ik bin begongen mei it ferfolch op 23Dingen en dat binne de Verdiepdingen. Hie ik krekt myn blog omsetten foar gedichten moat ik der no wer myn miening op skriuwe oer mediawijsheid, copyright, mash-ups en sa. Ik ha hjoed de mediawijsheidsquiz dien en bin sakke!!!
No moat ik sizze dat ik wat oare fragen ferwachte hie as oer bygelyks GTST. Mar ik ha 'm wol út de holle makke en neat opsocht, hie'k dat dien dan wie ik fansels wol slagge :0)
Ik bin wol benijd wa't wol slagget foar de quiz, lit it eefkes witte yn in reaksje op myn blog.
Foar de kollega's dy't ek yn de earste groep sitte, sukses.
23 okt 2011
Jopie Huisman skilderij mei gedicht
allebeide
libben se
harren libben
troch de
eagen
fan in bern
waarden
bepopke en
fersoarge
te pronk set
en fergetten
no fersliten
en tenein
feriivige
troch in man
mei de eagen
fan in bern
Abonneren op:
Posts (Atom)
