20 aug 2012

Ferdwaald


Ferdwaald

Ik bin mysels net mear
Kin betiiden gjin oanslúting fine
Mei de leafde yn myn hert
Mei de wiisheid yn myn holle
Mei de romte om my hinne

Ik kin mysels net mear
Wit net mear wa ’t yn de spegel sjocht
Mei de tearen yn ‘e foarholle
Mei de ôfhingjende mûlhoeken
Mei de útdweste blik yn de eagen

Ik wit net wêr ’t ik bedarre bin
Bin mysels kwyt rekke
Yn dit lichem mei âld fel
Yn dizze holle fol tizen en tinzen
Yn dit iensume hert

Werkenst do in stikje fan my
Bring it dan werom nei no
Set myn lichem yn de sinne
En ferwaarmje myn hert
Fyn my, no’t ik it sels net kin.

5 mrt 2012

Maitiid

Húshimmelje
Tiid om de kleden
te klopjen
no ’t it wiet is
en it stof
daliks delslacht
yn it gers en
op it paad
sûnder te prykjen
yn noas en kiel
en oan te setten
ta in hoastbui
dy’t alles
yn beweging set
en útdraait
op in lawine

27 feb 2012

Twicht 1883


Wrakseljend tsjin wyn en weagen, moasten hja belies jaan, dizze stoarm ûnoerwinlik, de iiskâlde see harren lêste rêstplak. #1883 #twicht



25 jan 2012

Fansels in gedicht op dizze dei


Lit dyn gefoel sprekke
en praat oer de leafde
Doch it yn dyn eigen taal
sûnder dy te ferbrekken
Want as dat net kin
of as dat net mear mei
Wat falt er dan noch te sizzen
op dizze nasjonale gedichtedei.