1 okt 2012

Twicht 1893 Wierum


Yn 'e iere moarntiid dolde sy wjirms op it waad / mei kâlde stive skonken / 
dy 't hy nea wer opwaarmje koe / sniewyt wei. #1893 #twicht

Boppesteande twicht ha ik skreaun foar de Twichtwedstriid fan de Moanne fan it Fryske Boek. Om 't der minsken wiene dy 't witte woenen wêr 't dizze twicht oer gie, hjir de útlis.

Yn de 19e ieu wie de fiskerij in wichtige boarne fan ynkommen foar it doarp Wierum. Op 1 december 1893 fergongen 13 fan de 17 fiskersboaten yn in swiere sniestoarm. En kamen 22 fiskermannen nea wer thús. In fiskersmonumint bij de seedyk bringt dit yn it ûnthâld.



Untbleatsjen fan it monumint yn 1968, fotograaf ûnbekind; Archief Leeuwarder Courant


By de tsjerke stiet ek in stânbyld fan in wjirmdolster. Dit byld docht tinken oan de perioade fan de seefiskerij, wêrby 't de froulju fan it doarp seepieren sochten op it waad foar de fiskfangst.




20 aug 2012

Ferdwaald


Ferdwaald

Ik bin mysels net mear
Kin betiiden gjin oanslúting fine
Mei de leafde yn myn hert
Mei de wiisheid yn myn holle
Mei de romte om my hinne

Ik kin mysels net mear
Wit net mear wa ’t yn de spegel sjocht
Mei de tearen yn ‘e foarholle
Mei de ôfhingjende mûlhoeken
Mei de útdweste blik yn de eagen

Ik wit net wêr ’t ik bedarre bin
Bin mysels kwyt rekke
Yn dit lichem mei âld fel
Yn dizze holle fol tizen en tinzen
Yn dit iensume hert

Werkenst do in stikje fan my
Bring it dan werom nei no
Set myn lichem yn de sinne
En ferwaarmje myn hert
Fyn my, no’t ik it sels net kin.

5 mrt 2012

Maitiid

Húshimmelje
Tiid om de kleden
te klopjen
no ’t it wiet is
en it stof
daliks delslacht
yn it gers en
op it paad
sûnder te prykjen
yn noas en kiel
en oan te setten
ta in hoastbui
dy’t alles
yn beweging set
en útdraait
op in lawine

27 feb 2012

Twicht 1883


Wrakseljend tsjin wyn en weagen, moasten hja belies jaan, dizze stoarm ûnoerwinlik, de iiskâlde see harren lêste rêstplak. #1883 #twicht