24 feb 2015

Alles is leafde


Wachtsjend op de leafde fan har libben
sjocht se dat de wyn in liet sjongt foar de sinne
dat wolken dûnsje yn de blauwe loft
it griene gers hoeden de koweblomkes heint
en by nacht de moanne flaaiket mei it tsjuster

27 okt 2014

Skier



Skier

Hjir waait de wyn altyd
boppe op 'e seedyk
dêr 't de wolken en it wetter
mekoar moetsje yn de fierte
en dêr leisto dan
eilân yn de sinne



Skreaun doe't ik sneon op de seedyk by Peasens Moddergat siet.