Gielsyske
Dêr sit ik dan op in stokje
ik ha it goed, bakje fretten, wetterbadsje
mar yn dizze finsterbank siicht it
Fffffffffffffff fiel ik oan myn feare fel
in oar plak wol ik en besykje it te sizzen
fluitsje heech en leech, lûd en sêft
mar men
begrypt my net
hat gjin
ear foar myn krewearen
Tsiicht,
tsiicht, tsiicht, brrrr, brrrr, brrrr
op it lest jou ik it op
gjin lûd mear út dizze koai
drok wurdt der oerlein
en myn hope lôget op
Mar hjoed hongen se in bakje mei
sangsied yn de koai
Swarte lyster
It leaflikst en it langste sjonge
koe hy fan hiel de fûgelwrâld
Sy foel foar dy moaie jonge
foar har berntsjes in behâld
Mar doe’t de simmer west wie
en hy net mear sjonge woe
bleaf sy
mar oan ‘t besykjen
hoe ’t se him dochs sa fier krije koe
Mei wapperjende flerkjes snokkere se
toe
sjong noch ris foar my
No fuort mar tocht er en hy die syn snaffel iepen
’t hie net moatten, de kat koe der krekt by
En dizze lêste ha ik it earste skreaun en úteinlik ynstjoerd nei Elmar
Fûgeltsje
wêr't it lûd wei komt.
Dêr op'e grûn leit se, in foddeboskje
mei in lyts giel snaffeltsje.
Gjin libben mear yn it
tebrutsen fûgellyfke,
ferûngelokke tsjin it
finsterglês.
Nea sjongt sy wer it heechste liet,wa hat sein dat fleanen net gefaarlik is?
Geen opmerkingen:
Een reactie posten