Thús
Hjir fiel ik my thús
krekt as in fûgel
yn de tekken fan
greiden
de loften ûneinich
fier
de mûne draait syn
rûntsjes
as de wyn oanhellet
en de sinne sakket
op in moaie
simmerdei
En as wolken grien
reitsje
is fierte tichteby
tsjerkeklokken liede
as wy ôfskie nimme
de toer in beaken
foar
wa’t it paad net
fine kin
hjir is altyd immen
dy’t it dy wize
wol
Wy reitsje mekoar
net kwyt
op it trekpaad
sjogge we
de wjerskyn fan de
oar
yn it glinsterjende
wetter
Mei in stap fansiden
meitsje we romte
foar
minsken dy’t
hurder kinne
begroetsje in nije
dei
Grinzen kinne
ferlein wurde
mar it klopjen fan
dit hert
ús greidehert
hâldt net op
dat is der
dat bliuwt der
en sil der altyd
wêze
Pieteke de Boer
Dit gedicht ha ik skreaun nei oanlieding fan de weryndieling fan Littenseradiel. En it moaie kado fan de gemeente foar de ynwenners: de foarstelling Greidehert.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten