Posts tonen met het label poëzij. Alle posts tonen
Posts tonen met het label poëzij. Alle posts tonen

3 mei 2024

Oantinken

 Taataataaaaa …. 

It skrift mei sammele ferzen/poëzij fan myn hân. De foto’s en it ûntwerp kommme fan Studio Bosgra. Tige wiis mei dizze gearwurking. En grutsk op hoe’t it der út sjocht. 

Ein maaie komt it skrift út. Sa spannend en leuk! 

Der komt ek noch in presintaasje mei muzyk en de útrikking fan it earste eksimplaar. Hiel wiis bin ik mei de minsken dy’t meiwurkje wolle. Troch it earste eksimplaar oan te nimmen. Troch te sjongen by de presintaasje. En myn neef, syn frou en dochter dy’t de foto’s by myn poëzij makke ha. 

Letter mear oer de sjongers en de presintaasje. 

It is yn eigen behear dus wolst in eksimplaar keapje? Doch my in mailtsje: pieteke01@hotmail.com










20 dec 2021

Tiede bliuwt thús


Tiede hoecht hjoed net nei skoalle

want master en juffen binne der net

mem hat him krekt pas roppen

en it is al wit hoe let

 

earst giet Tiede lekker iten

hjoed nimt hy in pantsje brij

it is hatstikke gesellich

want ek syn knuffel is der by

 

Tiede boartet mei de auto's

race mei twa tagelyk

en ek hearlik eefkes botse

oei no is der ientsje bryk

 

wol mem Tiede helpe

want de tsjillen stean sa gek

en de bumper is wat nuver

ek de bân liket wol lek

 

mar mem hat gjin tiid no

want sy moat earst wat oars

tsjin de laptop sit se te praten

en Tiede wurdt ynienen boas

 

hy smyt de auto troch de keamer

mar wurdt dan in bytsje bang

krûpt gau fuort achter de stoel

och wat duorret it wer lang

 

einliks komt mem him dan sykjen

't is tiid foar drinken en in koek

tegearre meitsje se de auto

en lêze yn in plaatsjesboek

 

dan mei Tiede op de I-pad

mem sil it ding wol eefkes jaan

is het dochs in moaie dei noch

lekker lang in spultsje dwaan

 

 


28 aug 2019

Wurden wei


Wurden wei

Dyn wurden rane krekt as iis foar de sinne
wienen it earst noch sinnen en doe wurden
no binne der allinich noch letters

do kinst se net mear by mekoar krije
wat earder gjin swierrichheden jûch
fielt as in seedyk beklimme sûnder treppen

dyn eagen sykje om immen dy’t it begrypt
dy’t de tiid nimt om te wachtsjen
oant dyn mûle se by mekoar plakt

ko….., ko…..., ko…...,
“kofje, jawis krije jo in bakje kofje”
“wat gesellich net mei syn allen kofje drinke”

KOM EEFKES BY MY SITTEN
…………. hiest sizze wollen
mar sa kin it ek, lekker kofje!

Pieteke de Boer



12 mei 2019

Geen moederdag gedicht



Hertemem

Kin leafde libje as winsken ferdrûgje
en mei skerpe rânen it hert skeine
kinne we tegearre genôch wetter fine
om oare blommen yn’e bloei te bringen

de nacht dy’t allinnich mar sliep bringt
it deiljocht dat dúdlik makket dat dit it is
gjin wiete ruften en bernestimmen
yn dit hûs romje we gjin boartersguod op

dreamen oerlibje de neakene wierheid net
wurde wei as in bern dat kiekeboe boartet
yn dizze tún gjin sânbak of skommel
en de kninen moatte we sels iten jaan


Hartenmoeder

Kan liefde leven als wensen verdorren
en met scherpe randen het hart bezeren
kunnen wij samen genoeg water vinden
om andere bloemen tot bloei te brengen

de nacht die alleen maar slaap brengt
het daglicht dat duidelijk maakt dat dit het is
geen natte luiers en kinderstemmen
in dit huis ruimen we geen speelgoed op

dromen overleven de naakte waarheid niet
verdwijnen als een kind dat kiekeboe speelt
in deze tuin geen zandbak of schommel
en de konijnen moet we zelf voer brengen

Pieteke de Boer

10 apr 2019

Ferreizige


Ferreizige

Soe it myn tiid hast wêze
tocht ik
doe’t de lea it my bejûch
it hert in kear te min kloppe
en de holle raasde

Och hea, lake de loft lûd
wat soesto no
kinst ommers net fleane
bist ferreizige foardatst
boppe bist

Lit de seadden my keare
stamp se goed oan
ik lis graach stiif ynstoppe
wynsels, gjin planken
alles wurdt wei

Wie ik mar as de wyn
dan soe ik
troch de roasters blaze
en my deljaan wêr’t de sinne
it waarmst is

Soe it myn tiid hast wêze
tocht ik
en frege it oan de wolken
mar se wisten it net


Pieteke de Boer
april 2019












11 dec 2017

Greidehert

Thús

Hjir fiel ik my thús
krekt as in fûgel
yn de tekken fan greiden
de loften ûneinich fier
de mûne draait syn rûntsjes
as de wyn oanhellet
en de sinne sakket
op in moaie simmerdei

En as wolken grien reitsje
is fierte tichteby
tsjerkeklokken liede
as wy ôfskie nimme
de toer in beaken foar
wa’t it paad net fine kin
hjir is altyd immen
dy’t it dy wize wol

Wy reitsje mekoar net kwyt
op it trekpaad sjogge we
de wjerskyn fan de oar
yn it glinsterjende wetter

Mei in stap fansiden
meitsje we romte foar
minsken dy’t hurder kinne
begroetsje in nije dei

Grinzen kinne ferlein wurde
mar it klopjen fan dit hert
ús greidehert
hâldt net op

dat is der
dat bliuwt der
en sil der altyd wêze

Pieteke de Boer

Dit gedicht ha ik skreaun nei oanlieding fan de weryndieling fan Littenseradiel. En it moaie kado fan de gemeente foar de ynwenners: de foarstelling Greidehert. 




9 feb 2017

Raamgedicht

Dit gedicht fan my is te sjen west op Eewal Ljouwert. In projeksje yn in finster om de binnenstêd riker te meitsjen mei keunst yn mikrogalerieën. Stipe troch Mienskipsfonds.

10 nov 2016

Foar dy nei dy

It gedicht dat ik skreaun ha nei it sjen fan de foarstelling Foar dy nei dy wol ik graach mei jim diele. De titel is: "net goed net ferkeard" en sa is it mar krekt. Foar wa't de foarstelling noch sjen wol? Der binne noch in pear kaarten. En ik bin der sels fia de reservelist kommen dus ek dat is te besykjen.
In moaie foarstelling oer rou op in prachtich plak. En de spilers spylje harsels mar ek wer net. Nei de foarstelling is der in hapke en drankje en de mooglikheid om nei te praten. Ek mei de spilers.



Net goed net ferkeard

hy giet troch mei libjen want it is sa’t it is
myn libben stiet stil want ik wol der net oan
ferhip it om de dei te nimmen sa’t er komt
ik wit wol datst net wer komst mar myn lichem
fielt noch altyd dat ik dy berne ha
ferwûndere sjoen ha nei dat berntsje
net begripe koe dat ik soks op de wrâld
set hie en ek doe gong hy troch mei libjen
want it wie sa’t it wie en net oars

ik sykje dy oan de nachthimel as ik wer
ris net sliepe kin en hy snoarkjend de nacht
oan kant seaget en him omdraait as
ik der mei kâlde fuotten neist skow, him
sêft troch syn hier stryk, bliid mei syn moed
om te libjen foar wa’t der wol binne en
dermei my sjen te litten dat it ek kin sa’t
hy it docht, my gewurde lit om’t ik noch
net fierder kin, net goed en net ferkeard

Pieteke 

21 okt 2016

Rely Jorritsma priis en no fierder

Wat in feest by de útrikking fan de prizen yn it doarpshûs fan Weidum. Der wienen in protte minsken kommen om it mei te meitsjen. Dêr wie ik hiel wiis mei. Dat wie eins noch moaier dan de priis sels.
Dus sa stiet it der no foar. Der binne myn poëzijkaarten, der is in Rely wûn foar in gedicht, ik ha optredens dien yn de SlauerHofftún, by Paradepaadje Britswert, in twicht hat wer yn it wetter lein by de pastorie yn Lytsewierrum. En de tekst op de boat hie ik skreaun foar it Greidhoekfestival ast fia de seerûte kaamst.

Wat sit der oan te kommen? In optreden by festival 'Krijg de Bibbers' Ljouwert op 15 jannewaris. En der ferskine 2 gedichten fan my yn in bondel sammele troch Henk Dillerop foar datselde festival. Mei in print fan in prachtich keunstwurk makke troch Annelies Deutekom.
En fierder? Och, ik skriuw sa no en dan ris in gedicht, in gedachte, in twicht op myn @twichtwicht akkount. En doe't ik op Texel wie ha ik hearlik poëzij yn it sân skreaun.
Der is in gedicht nei Ensafh en ik stjoer in Nederlânsk gedicht nei Pretparkpoëzie. En dat is it dan sa'n bytsje.
Foar wa't it net wit, myn poëzijkaarten binne te keap by de Afûk yn Ljouwert, by PS-Idee Wommels en by it GysbertJapicxhûs yn Boalsert. En yn Arum hat ús mem wol in pear pakjes lizzen foar de ferkeap.
De foto is nommen by Paradepaadje yn de tsjerke fan Britswert. De skilderijen binne fan Dinie Boogaart.


5 jul 2016

Kaarten mei fryske poëzij

Der is fan alles te krijen op it mêd fan kaarten mei teksten en foto's. Mar neffens my noch net mei de teksten dy't ik skreaun ha. Der wie gauris fraach nei dizze teksten as ik ris wat op facebook sette. Dêrom ha ik mei help fan Studio Bosgra kaarten drukke litten. Ik ha de tekst/poëzij skreaun en sy hawwe it ûntwerp en de foto foar harren rekken nommen.
Op dit stuit binne de kaarten te keap by my en by kadowinkel PS Idee yn Wommels. Ik bin op syk nei mear plakken om se te ferkeapjen en ha al tips foar leuke winkeltsjes krigen. Mar hasto noch in goede tip dan hear ik it graach.
Wolst in set kaarten bestelle dan kin dat fia deboerpieteke@gmail.com. As ik se opstjoere moat binne de kosten € 6,50. Mar dan hawwe je ek wat :)


12 apr 2015

Skuttingtaal

SKUTTINGTAAL: It is wer ris wat oars en as it in pear kear reint is it der wer ôf en kin der wer in nije tekst op. Ik hoopje dat de minsken dy 't by ús skutting lâns rinne it leuk fine. Ik sels fyn it moai om der sa no en dan wat op te setten. Foar de minsken dy 't net yn Wommels wenje en hjir net samar lâns kuierje kinne set ik se wol op myn bloch.



Dizze lêste wie noch te sjen by Omrop Fryslân yn it programma Bynt.