Posts tonen met het label sinne. Alle posts tonen
Posts tonen met het label sinne. Alle posts tonen

30 sep 2013

Twicht

Hy is der wer, de twichtwedstriid fan de Moanne fan it Fryske Boek. Ik fyn it machtich moai om in twicht te skriuwen en te besykjen om mei in bytsje wurden dochs gefoel oer te bringen. Wat my opfalt op twitter dat ast sikest nei #twicht dat dan net alles foarby komt wat al langer lyn der op setten is. 

Wa't gjin twitterakkount hat kin myn twichten fan dit jier hjir ek lêze:


Langstme nei dy sil altyd bliuwe - nei wat wie en net mear is - ‘t libben is net mear itselde - wit dat ik dy altyd mis #twicht

fuotprinten ferskine yn it sân, de waarme sinne strielt har fel, har jurk waait dêr’t de wyn ‘m blaast en de tiid glidet by har del #twicht

yn it ûngrypbere inerlik leit de siele kwetsber bleat skuort it roppend hert de bast fan de beam yn de fuorgen fan it libben #twicht

ûneinich fier de fiskersboaten - oer ‘t wide wetter fan de see - in stoarm by Boarkum en ’t wie dien - hja kamen nea werom te stee #twicht


19 jan 2013

In nije dei


In nije dei

Tinzen raze troch dyn holle
de wrald om dy hinne falt stil
triennen spatte út inoar
op de flier as se nei in reis
 oer dyn gesicht op de grûn falle
 en litte in sâlt spoor
efter op dyn wangen

Neat is mear wichtich
nea die it earder sa sear
ferslein troch it libben
en oerbluft troch de dea
binne de dagen grau en griis
de nachten sûnder sliep
en dochs is der hieltiid in nije dei

De sinne komt altyd wer op
it grien wer út de grûn
oeren wurde dagen en wiken
en dan is der wer in jier om
de neitins is swiet en makket
draachlik wat net te dragen is
helpt dy hieltiid wer troch in nije dei


Dit gedicht ha ik skreaun foar in mem dy 't 2 bern kwyt rekke is. Spitich genôch kin ik sa noch trije nammen neame fan froulju dy 't ek mear as ien bern misse moatte. Wat ha ik in respekt foar dizze memmen want wat moat je dan sterk wêze om troch te gean.