Hy is der wer, de twichtwedstriid fan de Moanne fan it Fryske Boek. Ik fyn it machtich moai om in twicht te skriuwen en te besykjen om mei in bytsje wurden dochs gefoel oer te bringen. Wat my opfalt op twitter dat ast sikest nei #twicht dat dan net alles foarby komt wat al langer lyn der op setten is.
Wa't gjin twitterakkount hat kin myn twichten fan dit jier hjir ek lêze:
Langstme nei dy sil altyd bliuwe - nei wat wie en net mear is - ‘t libben
is net mear itselde - wit dat ik dy altyd mis #twicht
fuotprinten ferskine yn it sân, de waarme sinne strielt har fel, har jurk
waait dêr’t de wyn ‘m blaast en de tiid glidet by har del #twicht
Yn myn blog fan 3 april stiet it gedicht Lokkich. Dat gedicht is eins in frije oersetting fan in Nederlânsk gedicht wat ik earne sjoen hie yn in tiidskrift. Hjir ûnder pleats ik it gedicht wat ik skreaun ha nei oanlieding fan dat selde fers.
Ierdewurk
Yn myn heitelân meitsje
griene greiden
en swartbûnte kij
it trekpaad lâns de feart
de sinne skinend op swarte klaaigrûn
keakeljende hinnen by de buorlju
in keatsbal kletsend yn 'e want
it folksliet songen foar de finale
ierdbaaien fan eigen grûn
op in farsk stikje bôle
sjoen troch de glêzen fan myn Markus T
my lokkich!
De eksposysje yn Lytsewierrum is wer foarby en ik sil myn twicht fan 'e wike mar ris út de sleat fiskje. Moai binne de reaksjes west dy 't ik krige fia de mail of trochtsjoerd fan Peter en Teresa fan de pastory. Ien pennespinsel wol ik graach mei jim diele en dy is fan Bauky út it Bildt.
Yn Lytsewierrum is op it stuit foar de 10de kear in eksposysje yn de teetún fan de pastorie. In hiele moaie lokaasje wêr 't ik al jierren kom foar in moaie middei mei keunst en kofje mei wat lekkers. Ferline jier siet ik dêr oan it wetter en tocht: wat soe it moai wêze om hjir in tekst yn it wetter del te lizzen. Mar sa as sokke dingen gean, ik fergeat it letter ek like hurd. Oant ik de útnoeging krige foar de eksposysje fan dit jier. In jubileumjier want dit jier al foar de 10de kear in eksposysje. Ik moast daliks wer tinke oan dat moaie plakje by it wetter en ha Peter en Teresa in mail stjoerd mei myn idee.
Se wiene daliks entousiast en ik ha myn twicht (twittergedicht) dêr yn it wetter brocht. En it is echt hiel moai, al sis ik it sels. Juster bin ik der as besiker hinne west om alle oare keunst te besjen en waard my ferteld dat der al in protte reaksjes kommen wiene op de twicht yn it wetter.
Jim kinne it hjir op de foto sjen mar yn it echt is it folle moaier. Want dan sjochst ek noch de hynders oan de oare kant fan de feart en de moaie fryske loften. Ik soe sizze der mar hinne, jim ha noch twa wiken de tiid. Foto is makke mei myn mobyl en net sa fantastysk fan kwaliteit mar it giet om it idee.
De eksposysje is 13 - 30 juny fan woansdei o/m snein tusken 10.00 en 17.00 oere. Mear lêze kin hjir.