Freed de 25ste is it safier, de presintaasje fan "It grutte foarlêsboek'. Op de Heit en Mem beurs presintearret Gerda Havertong it boek wêr 't in protte 'nije' skriuwers en yllustratoaren oan mei wurke hawwe. En ik dus ek, fan my steane der twa rymkes yn en Vera Damhuis hat der yllustraasjes by makke.
It boek sil ek wol te keap wêze yn de kroade dy't aanst wer by de doarren lâns giet, yn elst gefal yn de doarpen Bitgum en Bitgummole. Ferneamde skriuwers geane dêr op 9 novimber by de doarren del om boeken te ferkeapjen. Dus hawwe jo lytse bern tusken de 2 en 6 jier of pake- of beppesizzers yn die leeftiid keapje dan dit prachtige foarlêsboek út de kroade, by de boekhannel of yn de Afûk-webwinkel.
21 okt 2013
2 okt 2013
30 sep 2013
Twicht
Hy is der wer, de twichtwedstriid fan de Moanne fan it Fryske Boek. Ik fyn it machtich moai om in twicht te skriuwen en te besykjen om mei in bytsje wurden dochs gefoel oer te bringen. Wat my opfalt op twitter dat ast sikest nei #twicht dat dan net alles foarby komt wat al langer lyn der op setten is.
Wa't gjin twitterakkount hat kin myn twichten fan dit jier hjir ek lêze:
Wa't gjin twitterakkount hat kin myn twichten fan dit jier hjir ek lêze:
Langstme nei dy sil altyd bliuwe - nei wat wie en net mear is - ‘t libben
is net mear itselde - wit dat ik dy altyd mis #twicht
fuotprinten ferskine yn it sân, de waarme sinne strielt har fel, har jurk
waait dêr’t de wyn ‘m blaast en de tiid glidet by har del #twicht
yn it ûngrypbere inerlik leit de siele kwetsber bleat skuort it
roppend hert de bast fan de beam yn de fuorgen fan it libben #twicht
ûneinich fier de fiskersboaten - oer ‘t wide wetter fan de see -
in stoarm by Boarkum en ’t wie dien - hja kamen nea werom te stee #twicht
4 sep 2013
Ierdewurk
Yn myn blog fan 3 april stiet it gedicht Lokkich. Dat gedicht is eins in frije oersetting fan in Nederlânsk gedicht wat ik earne sjoen hie yn in tiidskrift. Hjir ûnder pleats ik it gedicht wat ik skreaun ha nei oanlieding fan dat selde fers.
Ierdewurk
Yn myn heitelân meitsje
griene greiden
en swartbûnte kij
it trekpaad lâns de feart
de sinne skinend op swarte klaaigrûn
keakeljende hinnen by de buorlju
in keatsbal kletsend yn 'e want
it folksliet songen foar de finale
ierdbaaien fan eigen grûn
op in farsk stikje bôle
sjoen troch de glêzen fan myn Markus T
my lokkich!
Ierdewurk
Yn myn heitelân meitsje
griene greiden
en swartbûnte kij
it trekpaad lâns de feart
de sinne skinend op swarte klaaigrûn
keakeljende hinnen by de buorlju
in keatsbal kletsend yn 'e want
it folksliet songen foar de finale
ierdbaaien fan eigen grûn
op in farsk stikje bôle
sjoen troch de glêzen fan myn Markus T
my lokkich!
Abonneren op:
Posts (Atom)
