7 sep 2021

Reizigje yn in kefert

As wolken fansiden skowe skynt in flau ljocht de keamer yn en dêr leisto. De rook fan âld en oan ein tegearre mei dy fan dit hûs makket my wat mislik. De heal iepen doar tekenet skaden op de muorrre en boartet mei myn tinzen.

En it bêd, dat is fan dy. Ik mei net sliepe, wekker bliuwe dat is myn taak. De nacht is stil, útsein de soerstoftank. Dy jout in ritme oan de nacht en lit it tsjuster dûnsje. Tsssj poe ....tsssj poe..... tssssj poe ... en de nacht duorret en duorret

In doar giet iepen en ticht. En dan rint der immen hastich oer de gong as is der gjin tiid mear en dat is miskyn ek wol sa. De kroks sûge sêft oan it linoleum en sjirpe in oade oan de nacht. It ljocht op de gong wurd stadich wer wei.

Koe ik mar reizigje yn in kefert dan wie ik earder by dy west. Tegearre sjen nei de sinne dy’t op komt. De dei yn de mijtte gean en mar sjen hoe fier as we komme koenen. En wa wit koe ik dyn hân beet hâlde as nimmen it seach.

Mar it kefert is te lyts en ik bin te swier. En de suster soe my net bringe want de suster is der net mear. In nije dei bringt nije gesichten. De moanne kin dy nachts mar sy wurdt wei yn it deiljocht. Krekt as do, mar no noch net

tsssj poe .... tsssj poe .... tssssj poe


                                        



 

 

26 mrt 2020

Wachtsje op letter

Wachtsje op letter

Altyd as ik op besite kaam
hie’k dy by de hân
no is de tút fan juster 
de moardner fan moarn

Ik kin net by dy wêze 
en dat docht och sa sear
ik kin dat wol begripe
mar do allang net mear

Hoe sil ik fan dy hâlde
as ik net by dy mei
net eefkes by dy sitte
sa’n hiele lange dei

Ik hoopje op better tiden
dat alles aanst wer kin
dêr hâld ik my oan fêst
oant ik wer by dy bin

Pieteke de Boer


28 aug 2019

Wurden wei


Wurden wei

Dyn wurden rane krekt as iis foar de sinne
wienen it earst noch sinnen en doe wurden
no binne der allinich noch letters

do kinst se net mear by mekoar krije
wat earder gjin swierrichheden jûch
fielt as in seedyk beklimme sûnder treppen

dyn eagen sykje om immen dy’t it begrypt
dy’t de tiid nimt om te wachtsjen
oant dyn mûle se by mekoar plakt

ko….., ko…..., ko…...,
“kofje, jawis krije jo in bakje kofje”
“wat gesellich net mei syn allen kofje drinke”

KOM EEFKES BY MY SITTEN
…………. hiest sizze wollen
mar sa kin it ek, lekker kofje!

Pieteke de Boer



12 mei 2019

Geen moederdag gedicht



Hertemem

Kin leafde libje as winsken ferdrûgje
en mei skerpe rânen it hert skeine
kinne we tegearre genôch wetter fine
om oare blommen yn’e bloei te bringen

de nacht dy’t allinnich mar sliep bringt
it deiljocht dat dúdlik makket dat dit it is
gjin wiete ruften en bernestimmen
yn dit hûs romje we gjin boartersguod op

dreamen oerlibje de neakene wierheid net
wurde wei as in bern dat kiekeboe boartet
yn dizze tún gjin sânbak of skommel
en de kninen moatte we sels iten jaan


Hartenmoeder

Kan liefde leven als wensen verdorren
en met scherpe randen het hart bezeren
kunnen wij samen genoeg water vinden
om andere bloemen tot bloei te brengen

de nacht die alleen maar slaap brengt
het daglicht dat duidelijk maakt dat dit het is
geen natte luiers en kinderstemmen
in dit huis ruimen we geen speelgoed op

dromen overleven de naakte waarheid niet
verdwijnen als een kind dat kiekeboe speelt
in deze tuin geen zandbak of schommel
en de konijnen moet we zelf voer brengen

Pieteke de Boer