18 mei 2013

Labyrinth rinne

Troch it finster

Ik sjoch jim
alle trije
in pear kear tichteby
dan hieltyd fierderôf
we reitsje mekoar út it each
as myn libben in bocht makket

Mar we witte mekoar wer te finen
de iene kear duorret it langer as de oare
we sjogge troch itselde finster
nei de wrâld om ús hinne

Dan stiet der samar wat tusken ús yn
en kinne we mekoar net sjen
ynienen binne myn finsters op de wrâld
hiele oare as dy fan jim
en dochs bliuwe we ferbûn
mei mekoar
dwers troch alles hinne
yn leafde.


Hjoed binne we mei de meditaasje groep fan tsjerke mei mekoar te labyrinth rinnen west yn Nij Beets by Rien. Tige nijsgjirrich om in kear te dwaan en in moaie lokaasje. Boppesteand gedicht ha ik skreaun nei't ik it labyrinth rûn hie. Op de foto sjochst it labyrinth doe 't ik krekt oanlein wie. It sjocht der no alwer hiel oars út mar kinst wol de finsters sjen.

3 apr 2013

Lokkich


Yn ús tún meitsje
bernestimmen
in rôljende bal
de hoanne fan de buorlju
spattende fûgels yn ’t bad
de waarme sinnestrielen op myn hûd
yn ’t fermidden fan wyld grien
en it skaadspul fan jong blêd
reade wyn en glêzen
op it grutte houten tafelblêd
sjoen troch de teisters fan myn eagen
my lokkich


27 mrt 2013

Gjin wurden



Gjin wurden

Ik ha gjin wurden mear
om te sizzen wat ik noch sizze wol
gjin meldijen om te sjongen fan
alle noaten dy ’t noch dwerrelje troch
myn fierder lege harsens
jierren hawwe ferskil makke
fan de minsk dy ’t ik wie
nei it omklaaisel dat ik no bin

fel om bonken mei in bytsje
waarmte dat ik net kwyt kin
om ’t ik net mear wit wa ’t jim
binne as jim lâns komme en
 ik net wit of ‘t jim dat dogge ût
plichtsgefoel en begrutsjen of
út in allesomfetsjende leafde
foar my, ik wit it net

Ik ha gjin wurden mear

19 jan 2013

In nije dei


In nije dei

Tinzen raze troch dyn holle
de wrald om dy hinne falt stil
triennen spatte út inoar
op de flier as se nei in reis
 oer dyn gesicht op de grûn falle
 en litte in sâlt spoor
efter op dyn wangen

Neat is mear wichtich
nea die it earder sa sear
ferslein troch it libben
en oerbluft troch de dea
binne de dagen grau en griis
de nachten sûnder sliep
en dochs is der hieltiid in nije dei

De sinne komt altyd wer op
it grien wer út de grûn
oeren wurde dagen en wiken
en dan is der wer in jier om
de neitins is swiet en makket
draachlik wat net te dragen is
helpt dy hieltiid wer troch in nije dei


Dit gedicht ha ik skreaun foar in mem dy 't 2 bern kwyt rekke is. Spitich genôch kin ik sa noch trije nammen neame fan froulju dy 't ek mear as ien bern misse moatte. Wat ha ik in respekt foar dizze memmen want wat moat je dan sterk wêze om troch te gean.