9 feb 2017
Raamgedicht
Dit gedicht fan my is te sjen west op Eewal Ljouwert. In projeksje yn in finster om de binnenstêd riker te meitsjen mei keunst yn mikrogalerieën. Stipe troch Mienskipsfonds.
20 dec 2016
In goed ferhaal
It
is safier, de krystdagen komme der oan. Elts jier itselde ferhaal. It
kin fansels ek oars. Gjin beam, gjin kearskes, gjin Jesus dy’t berne
wurdt. Ik bedoel mar, Maria hat it al sa faak dien. Yn ferwachting
reitsje sûnder dat der in man oan te pas komt. De lol hat se der net fan
hân. En elts jier wer dy lange reis op dy ezel nei dat hok. Neat gjin
kreamklinyk mei alles der op en der oan.
No ja, muzyk is der wol. Mar earst dy befalling, it is har earste en
oan Joazef hat se net folle. Hy is wol leaf mar fan befallingen hat er
ek gjin ferstân. En dy ingelen komme pas as de boel al oan de kant is.
Se sjonge wol in moai ferske wêr’t it jonkje lekker op sliepe kin mar
fierder hast der neat oan. En dy hoeders dy’t alles witte fan skiep en
lamkes komme ek pas as sy it der al ôfswitten hat. Oan de oare kant hast
der ek gjin ferlet fan dat in stel fan dy rûchhouwers dy yn it gat
opsjogge. It is dat der noch in stel keningen op besite komme mei djoere
kadootsjes want oars hie Maria har net lient foar sa’n stunt. Alles mar
om it ferhaal de wrâld yn te krijen. Marketing neame se soks hjoed. God
wist eartiids al hiel goed hoe’t er in ferhaal de wrâld yn krije moast.
Sa goed dat we it der no noch altyd oer hawwe. Elts jier wer.
10 nov 2016
Foar dy nei dy
It gedicht dat ik skreaun ha nei it sjen fan de foarstelling Foar dy nei dy wol ik graach mei jim diele. De titel is: "net goed net ferkeard" en sa is it mar krekt. Foar wa't de foarstelling noch sjen wol? Der binne noch in pear kaarten. En ik bin der sels fia de reservelist kommen dus ek dat is te besykjen.
In moaie foarstelling oer rou op in prachtich plak. En de spilers spylje harsels mar ek wer net. Nei de foarstelling is der in hapke en drankje en de mooglikheid om nei te praten. Ek mei de spilers.
In moaie foarstelling oer rou op in prachtich plak. En de spilers spylje harsels mar ek wer net. Nei de foarstelling is der in hapke en drankje en de mooglikheid om nei te praten. Ek mei de spilers.
Net goed
net ferkeard
hy giet
troch mei libjen want it is sa’t it is
myn libben
stiet stil want ik wol der net oan
ferhip it
om de dei te nimmen sa’t er komt
ik wit wol
datst net wer komst mar myn lichem
fielt noch
altyd dat ik dy berne ha
ferwûndere
sjoen ha nei dat berntsje
net
begripe koe dat ik soks op de wrâld
set hie en
ek doe gong hy troch mei libjen
want it
wie sa’t it wie en net oars
ik sykje
dy oan de nachthimel as ik wer
ris net
sliepe kin en hy snoarkjend de nacht
oan kant
seaget en him omdraait as
ik der mei
kâlde fuotten neist skow, him
sêft troch
syn hier stryk, bliid mei syn moed
om te
libjen foar wa’t der wol binne en
dermei my
sjen te litten dat it ek kin sa’t
hy it
docht, my gewurde lit om’t ik noch
net
fierder kin, net goed en net ferkeard
21 okt 2016
Rely Jorritsma priis en no fierder
Wat in feest by de útrikking fan de prizen yn it doarpshûs fan Weidum. Der wienen in protte minsken kommen om it mei te meitsjen. Dêr wie ik hiel wiis mei. Dat wie eins noch moaier dan de priis sels.
Dus sa stiet it der no foar. Der binne myn poëzijkaarten, der is in Rely wûn foar in gedicht, ik ha optredens dien yn de SlauerHofftún, by Paradepaadje Britswert, in twicht hat wer yn it wetter lein by de pastorie yn Lytsewierrum. En de tekst op de boat hie ik skreaun foar it Greidhoekfestival ast fia de seerûte kaamst.
Wat sit der oan te kommen? In optreden by festival 'Krijg de Bibbers' Ljouwert op 15 jannewaris. En der ferskine 2 gedichten fan my yn in bondel sammele troch Henk Dillerop foar datselde festival. Mei in print fan in prachtich keunstwurk makke troch Annelies Deutekom.
En fierder? Och, ik skriuw sa no en dan ris in gedicht, in gedachte, in twicht op myn @twichtwicht akkount. En doe't ik op Texel wie ha ik hearlik poëzij yn it sân skreaun.
Der is in gedicht nei Ensafh en ik stjoer in Nederlânsk gedicht nei Pretparkpoëzie. En dat is it dan sa'n bytsje.
Foar wa't it net wit, myn poëzijkaarten binne te keap by de Afûk yn Ljouwert, by PS-Idee Wommels en by it GysbertJapicxhûs yn Boalsert. En yn Arum hat ús mem wol in pear pakjes lizzen foar de ferkeap.
De foto is nommen by Paradepaadje yn de tsjerke fan Britswert. De skilderijen binne fan Dinie Boogaart.

Abonneren op:
Posts (Atom)