10 apr 2019

Ferreizige


Ferreizige

Soe it myn tiid hast wêze
tocht ik
doe’t de lea it my bejûch
it hert in kear te min kloppe
en de holle raasde

Och hea, lake de loft lûd
wat soesto no
kinst ommers net fleane
bist ferreizige foardatst
boppe bist

Lit de seadden my keare
stamp se goed oan
ik lis graach stiif ynstoppe
wynsels, gjin planken
alles wurdt wei

Wie ik mar as de wyn
dan soe ik
troch de roasters blaze
en my deljaan wêr’t de sinne
it waarmst is

Soe it myn tiid hast wêze
tocht ik
en frege it oan de wolken
mar se wisten it net


Pieteke de Boer
april 2019












11 dec 2017

Greidehert

Thús

Hjir fiel ik my thús
krekt as in fûgel
yn de tekken fan greiden
de loften ûneinich fier
de mûne draait syn rûntsjes
as de wyn oanhellet
en de sinne sakket
op in moaie simmerdei

En as wolken grien reitsje
is fierte tichteby
tsjerkeklokken liede
as wy ôfskie nimme
de toer in beaken foar
wa’t it paad net fine kin
hjir is altyd immen
dy’t it dy wize wol

Wy reitsje mekoar net kwyt
op it trekpaad sjogge we
de wjerskyn fan de oar
yn it glinsterjende wetter

Mei in stap fansiden
meitsje we romte foar
minsken dy’t hurder kinne
begroetsje in nije dei

Grinzen kinne ferlein wurde
mar it klopjen fan dit hert
ús greidehert
hâldt net op

dat is der
dat bliuwt der
en sil der altyd wêze

Pieteke de Boer

Dit gedicht ha ik skreaun nei oanlieding fan de weryndieling fan Littenseradiel. En it moaie kado fan de gemeente foar de ynwenners: de foarstelling Greidehert




9 feb 2017

Raamgedicht

Dit gedicht fan my is te sjen west op Eewal Ljouwert. In projeksje yn in finster om de binnenstêd riker te meitsjen mei keunst yn mikrogalerieën. Stipe troch Mienskipsfonds.

20 dec 2016

In goed ferhaal

It is safier, de krystdagen komme der oan. Elts jier itselde ferhaal. It kin fansels ek oars. Gjin beam, gjin kearskes, gjin Jesus dy’t berne wurdt. Ik bedoel mar, Maria hat it al sa faak dien. Yn ferwachting reitsje sûnder dat der in man oan te pas komt. De lol hat se der net fan hân. En elts jier wer dy lange reis op dy ezel nei dat hok. Neat gjin kreamklinyk mei alles der op en der oan. No ja, muzyk is der wol. Mar earst dy befalling, it is har earste en oan Joazef hat se net folle. Hy is wol leaf mar fan befallingen hat er ek gjin ferstân. En dy ingelen komme pas as de boel al oan de kant is. Se sjonge wol in moai ferske wêr’t it jonkje lekker op sliepe kin mar fierder hast der neat oan. En dy hoeders dy’t alles witte fan skiep en lamkes komme ek pas as sy it der al ôfswitten hat. Oan de oare kant hast der ek gjin ferlet fan dat in stel fan dy rûchhouwers dy yn it gat opsjogge. It is dat der noch in stel keningen op besite komme mei djoere kadootsjes want oars hie Maria har net lient foar sa’n stunt. Alles mar om it ferhaal de wrâld yn te krijen. Marketing neame se soks hjoed. God wist eartiids al hiel goed hoe’t er in ferhaal de wrâld yn krije moast. Sa goed dat we it der no noch altyd oer hawwe. Elts jier wer.