7 sep 2021

Reizigje yn in kefert

As wolken fansiden skowe skynt in flau ljocht de keamer yn en dêr leisto. De rook fan âld en oan ein tegearre mei dy fan dit hûs makket my wat mislik. De heal iepen doar tekenet skaden op de muorrre en boartet mei myn tinzen.

En it bêd, dat is fan dy. Ik mei net sliepe, wekker bliuwe dat is myn taak. De nacht is stil, útsein de soerstoftank. Dy jout in ritme oan de nacht en lit it tsjuster dûnsje. Tsssj poe ....tsssj poe..... tssssj poe ... en de nacht duorret en duorret

In doar giet iepen en ticht. En dan rint der immen hastich oer de gong as is der gjin tiid mear en dat is miskyn ek wol sa. De kroks sûge sêft oan it linoleum en sjirpe in oade oan de nacht. It ljocht op de gong wurd stadich wer wei.

Koe ik mar reizigje yn in kefert dan wie ik earder by dy west. Tegearre sjen nei de sinne dy’t op komt. De dei yn de mijtte gean en mar sjen hoe fier as we komme koenen. En wa wit koe ik dyn hân beet hâlde as nimmen it seach.

Mar it kefert is te lyts en ik bin te swier. En de suster soe my net bringe want de suster is der net mear. In nije dei bringt nije gesichten. De moanne kin dy nachts mar sy wurdt wei yn it deiljocht. Krekt as do, mar no noch net

tsssj poe .... tsssj poe .... tssssj poe