22 nov 2010

RSS feeds ferfolch

Tomke kaam ik tsjin by it sykjen mei ego feed

Ding 5 alwer, it finen fan RSS feeds. Ha oan' e gong west mei de foarbylden fan de side. Google blogsearch is in leuk ding wat ik noch net koe. Al freegje ik my wol ôf as ik net like folle fyn as ik gewoan sykje. Blogs binne leuk as jo earne djipper op yngean wolle, tinkt my. Wol in abonnemintsje nommen. Doe ha ik eefkes oan de ego feed snuffele en bin der hiel gau wer mei stoppe. Soks moat in minske net wolle, witte wa't wat oer jo skriuwt. Minsken dy' t op ynternet oer jo skriuwe doare dat faaks net sa tsjin jo te sizzen dus bin ik der net lokkich fan wurden. Wol dêr perfoarst neat mei dwaan en bin der mei it skriuwen fan dit stikje dan ek klear mei. Ha it fansels ek noch mei oare wurden besocht mar it is myn ding net!

1 opmerking:

  1. Hoi Pieteke, dat is duidelijk. En ook al is het je ding niet, dat weet je nu dan. Maar je weet nu wel wat RSS feeds betekenen, wat je er mee kunt en hoe je zo mensen aan je pagina bindt.
    Nu maar gauw op naar ding 6!
    Gr. Janneke

    BeantwoordenVerwijderen