12 feb 2011

Ding 19 Sociale netwerken

Ik bin der hast wol klear mei alle sosjale netwurken. It is allegear in bytsje oars en in protte fan itselde. Ik hie al in Facebook akkount mar die der neat mei. Ha wat gegevens oan myn profiel taheakke en murk doe dat de kompjûter my oan allegear minsken koppelt. De heit fan myn skoansuske komt ynienen foarby en meer minsken dêr't ik de namme fan kin mar meer net. Ast wat wolst mei sa'n netwurk is dat handich mar ik krij der net in goed gefoel by. Sa komme oaren my fansels ek tsjin!!!! En wol ik dat eins wol en kom ik der noch wer ôf as ik dat wol???!!!!
Ik tink dat it foar in lokale bibleteek wol fertúten dwaan kin, mar wa hat tiid om in hyves by te hâlden?? Foaral in hyves foar jongerein liket my fantastysk, dêr sitte hast alle bern/pubers op en dêr kinst se dan as bibleteek tsjinkomme. Dus mar gau in projekt opstarte mei sosjale netwurken. Pleunie kin wol in hyves meitsje foar ús kluster. Minsken moatte de bibleteek tsjinkomme yn sokke netwurken. De bibleteek is tefolle mei oare dingen dwaande wêr't de klant hielendal neat oan hat! Sa, dat bin ik mar kwyt. Op nei ding 20.

2 opmerkingen:

  1. Ik wol dat wol dwaan hjer, allinich is der al in jeugdbieb hyves foar Sudwest Fryslan. Ik kom der hast net oan ta om die hyves by te halden... En al hielendol net under wurktiid! Dus in pear oeren soe wol aardich weze... Mar it is wol in goed idee!
    Ik gean no ek nei ding 20! Groetsies!

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Hoi Pieteke, Het is inderdaad goed om je te realiseren dat je, als je een profiel hebt op een sociale netwerk site, zichtbaar bent voor iedereen! En ook bij Hyves krijg je idd tips om vrienden toe te voegen. Piety heeft een handig lijstje in haar blog staan hoe je evt. zulke accounts weer opzegt, want dat valt soms nog niet eens mee.
    Op je suggestie voor een jeugd Hyves heeft Pleuni je al antwoord gegeven en TIJD is idd een groot probleem, dat hoor je overal. Wat dat betreft heeft Zuidoost het goed voorelkaar. Petra (Vlasma) heeft elke week een paar uur om te twitteren en de Hyvessite bij te houden http://bzof.hyves.nl/. De discussie loopt inmiddels al een paar jaar (wel of geen Hyves/Facebook/Twitter... Ben benieuwd of er binnenkort eens een besluit wordt genomen. De nieuwe website biedt volgens mij ook wel mogelijkheden....
    Gr. Janneke

    BeantwoordenVerwijderen