7.5.11

De beam en de frouen




De beam en de frouen

Yn wiisheid fan jierren
sjoch ik del op
troch sinneljocht en beamtegrien
beskade froulju
Yn tinzen betize  
dwaande mei omskriuwings
fan wyn en lûden
gefoel en langstme
byinoar brocht op in wyt stik papier
Ik bring harren ta rest
troch it rûzjen fan myn
tûken en blêden
en lit de sinne oer harren komme
as in waarme tekken.

Pieteke de Boer
Maaie 2011


4 opmerkingen:

  1. Wow, knap. Moest het wel vier keer lezen om elk woord te begrijpen.
    Groetnis Gerke

    BeantwoordenVerwijderen
  2. "Beskade froulju" "gefoel en langstme". Eltse kear as ik it lês sit ik der wer.
    -Geke.

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Hee Gerke,

    Dank voor je reactie, altijd spannend om een gedicht te delen.

    groet, Pieteke

    BeantwoordenVerwijderen