21 jun 2011

Fiskje

Fiskje
Foarsichtich klimt er oer de râne
fan it boatsje en jout him del op
it bankje

Eefkes oerstimt it lûd fan in trekker
it rûzjen fan de beammen
en it kweakjen fan  de kikkerts

Dan gooit de lytse fiskerman syn angel út
en de wyn ronfelet it wetter


Dit gedicht bin ik oan begûn doe't ik op besite wie bij Aukje op it arkje fan Rink vd Velde. Ik ha der noch in hiel lyts bytsje oan feroare en no stiet it foar elkenien te lêzen. De lytse fiskerman is in beppesizzer fan Aukje dy't ek oanwêzich wie. We (Geke wie der ek) hawwe in hiele noflike dei hân mei romte om te skriuwen en te praten. Sa'n dei soe ik eltse wike wol hawwe wolle.

2 opmerkingen:

  1. Leuk dat je op deze manier doorgaat met je blog. Ik blijf je volgen!
    Ik heb trouwens een verwijzing naar dit blog gezet op mijn eigen blog. Alles voor de traffic he? ;-)

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Hast it byld fan it lytse mantsje moai delset yn it fers. Ik sjoch it sa foar my. It wie yndie in moaie dei!
    -Geke.

    BeantwoordenVerwijderen